|
|
13 april om 17:25 |
|
Utgeverij Bornmeer is un aktive 'útjouwerij'. Fanmiddach mailde Louw Dijkstra mij ut folgende persbericht. Uteraard geef ik dat hier graach even deur.
Blomlęzing mei Fryske fersen oer de Twadde Wrâldoarloch
Op freed 23 april ferskynt by útjouwerij Bornmeer Wat is it goed te witten, in blomlęzing mei Fryske fersen oer de Twadde Wrâldoarloch. De bondel is gearstald troch Teats de Vries en wurdt ynlieden troch Teake Oppewal. It is in breed opsette bondel met fersen fan dichters lykas D.A. Tamminga, Freark Dam en Marten Sikkema, hjoeddeistige dichters as Margryt Poortstra en Aggy van der Meer. Ek bekende Friezen lykas Klaas Jansma, Leny Dijkstra en Renze Westra hawwe meiwurke oan de bondel. Der is ek in songtekst opnaam fan de popgroep Bricquebec. De bondel sil yn it Verzetsmuseum yn Ljouwert oanbean wurde oan Ans Wallinga, berneboekeskriuwster en gearstalster fan in nije lesmetoade Frysk yn it VMBO. Babs Gezelle Meerburg hâldt in koarte ynlieding oer de ferwurking fan de Twadde Wrâldoarloch yn de Fryske poezij, De fersen sille foarlęzen wurde troch Klaas Jansma, Leny Dijkstra en Geart de Vries (mei in fers fan Douwe Tamminga). De bondel hat 96 siden en kostet € 11,50.
Met 'omkesizzer' Willem O. Santema út Heech hew ik in 1990 ut boek(je) 'Willem Santema in fersetsman' skreven. Dęrin ok opnomen de 'Fersen fen Willem Santema' (' skreaun wylst er finzen siet fen Des. '43 oant Aug. '44 ' ). Ik weet eigenleks nyt eens of der nňch eksemplaren fan dat boekje binne. Elk jaar om distyd fertel ik op skoal wear over de geskiedenis fan de Tweede W.O. Ok op de Praktykskoal. Met ut ooch op fandaach en mňrren!
|
|