dagboek > overzicht
Dagboek april 2004Bekiek hele maand 
 
22 april om 19:06
  "Tegenwoordig denken schrijvers dat het makkelijker is omdat ze een computer hebben, maar schrijven betekent toch voor 90% denken. En typen is niet zoveel werk."
Disse útspraak las ik fandaach in ut jubileumnummer fan Tzum, un literęr tydskrift dat 4x in't jaar ferskynt. De útspraak is fan Jos van Manen Pieters, de frou dy't oait de 'Tuinfluitertrilogie' skreef. Oans moeke was gek op har boeken. Ik fyn ut wel grappech dat Coen Peppelenbos krekt disse anty-literęre skriefster in ut silveren nummer fan Tzum in ut sontsje set. Of sú Coen fan húsút griffemeard weze?
Ut jubileumnummer is de moeite fan ut lezen seker weard, want naast ut groate túnfluiterinterview fyn ik de 25 fragen + antwoarden over Tzum ok ferrassend.
Op de fraach of Tzum wel útkan ( foar de útgever),is ut antwoard: 'Nee! Abonnementje?'
Prachtech! Felisiteard met jum blad en gaan nňch mar 25 nummers deur.

In de 'Sneeker' fandaach un resęnsy fan mij over de debútdichtbundels fan Janneke Spoelstra en Klaske Hiemstra.
Nadat de kritieken in de betreffende bladen/kranten staan hewwe, set ik se ok op myn website. Nyt earder. De resęnsy's binne te finen onder ut kňpke 'pers'.