dagboek > overzicht
Dagboek september 2009Bekiek hele maand 
 
14 september om 16:45
 
De Harmonie/Concordia, Gerrit Breteler & Yva Hokwerda in ut FD





Gerbrich van der Meer fan ut Friesch Dagblad was gistermiddach ok bij ut Openluchtkonsert anwezech. Se het der un moai stukje over skreven. Staan helemaal achter dizze tekst en nim um hierbij over:


Campingkonsert fan teater Snits grut sukses


De lęste donkere wolken lutsen krekt oer doe’t foarsitter Klaas Visser fan toanielferiening Teater Snits in unyk iepenloftkonsert iepene op Camping Pasveer yn Loaiďngea. Fergees, mar it publyk moast wol soargje foar eigen stuollen, hie op de affiches stien. Gjin probleem. Yn ’e auto’s wie genôch plak. Fleurich fytste mannich fytser mei stoel yn ’e hân of efterop it sitsje it hiem fan de famylje Hoekstra op, de eigners fan de camping.
Wylst de auto’s op de Ljouwerterdyk monotoan foarby stoden, stiene en sieten 300 minsken om trije oere klear foar it konsert. Spesjaal foar dizze gelegenheid hiene de Snitser Fanfarekorps de Harmonie en de kristlike muzykferiening Concordia út Drylts de hannen yn inoar slein. It gehiel stie űnder lieding fan dirigent Jan Hibma.


Mei soarch hie de organisaasje socht foar in passend dekor. Wylst oan ’e iene kant fan it ynstekhaventsje it publyk siet, siet dęr rjocht foaroer it korps mei dęrachter in platboaiem mei brune seilen. It lytse boatsje dat foar it korps yn it wetter lei, wie ornearre foar dichteres Yva Hokwerda en sjonger Gerrit Breteler.
It korps dat twa jier lyn noch mei teater Snits meiwurke hie oan it iepenloftspul Fanfare, sette út ein. It wie troch de stűve wyn net maklik spyljen, mar lokkich holden de knipers de measte partijen goed op de lessener.
Bysűnder wie de bydrage fan Yva Hokwerda, dy’t tusken de muzykwurken troch foardroech út eigen wurk Eins wie dat har pseudonym ferklapte se daliks. ,,Gewoanwei bin ik Ytje Hoekstra en ik bin hjir op ’e buorkerij grut wurden." De ferzen dy’t se foardroech, hiene dan ek allegearre te krijen mei har jonge jierren op ’e pleats. Wylst de sinne trochbruts, ferhaalde se oer har heit, oer har langstmen en har ferlerne jonkheid.

Subsydzje

Minsken lűke minsken. Nei it skoft, de jassen koene űndertusken noflik út, wiene der hast fiifhűndert minsken fan ’e partij om te harkjen nei it twadde part fan it konsert: Gerrit Breteler en pianist Gerrit Hager. Syn ballades foelen goed yn ’e smaak. In pear lieten waarden begelaat troch it űnfersterke korps. Spitigernôch foel dat fuort tsjin de fersterke piano, mar der kaam in werkânsing. Oan ’e ein fan it konsert koe it korps him nochris jilde litte mei it liet Op een dag drink je geen Grolsch meer, dat fleurich meisongen waard troch it publyk.
Dat it konsert fergees wie hie alles te krijen mei in subsydzje dy’t Teater Snits taskikt krigen hie. Wethâlder Hans van den Broek hie yndertiid foar de produksje fan de Fanfare yn 2006, by de Stúverse Bruggen, in bedrach fan 20 tűzen euro tasein. Letter kaam er dęrop werom. Uteinlik waard it in rjochtsaak. Lang om let krige Teater Snits in subsydzjebedrach fan 1500 euro. Besmet jild, neamde de foarsitter it. Mar dęrmei koene se wol in feestje bouwe: dit evenemint. It konsert kriget fęst in ferfolch, sleat de foarsitter tefreden ôf, mei sok waar, sa’n soad minsken en sokke moaie bydragen koe it barren net mear stikken.

Iepenloftkonsert mei Snitser Fanfarekorps de Harmonie en Concordia út Drylts, dichteres Yva Hokwerda en sjonger Gerrit Breteler, Camping Pasveer yn Loaiďngea, 450 besikers





De frijwillegers krije foarou instruksy's





Douwe Hoekstra: gastfrij gasthear!





Dichteres Yva Hokwerda: thúsgefoël!





Willem van Netten, bestuurslid Teater Snits, en foarsitter Klaas Visser, rechtsfoaran op de stoël





De sonnebril moest op!





Gerrit Breteler met de Harmonie/Concordia





' Flecht op'e koai '





Monumentale plaats.