|
|
28 febrewary om 08:34 |
|
Raffelich realisme? Nije streaming fan in jonge generaasje skriuwers
Op tiisdei 28 febrewaris is de finish-lęzing fan de Literęre 4-Stęde Tocht. Dizze lęzing yn biblioteek Snits giet oer in nijsgjirrich űnderwerp dęr’t net earder űndersyk nei dien is. Begjin 1996 sette in lyts groepke studinten yn Grins útein mei in literęr tydskrift yn it Frysk. It begűn as in aardichheidsje, mar as tydskrift krige de ‘De Blauwe Fedde’ stadichoan mear lęzers. It waard in poadium foar in nije generaasje fan jonge skriuwers, dy’t net de barrikaden opsocht, mar op iroanyske wize skreau oer it deistich libben, mei al syn banaliteiten. ‘De Blauwe Fedde’ hat bestien oan de ein fan 2002 ta, mar mooglik is der in nije Frysk literęre streaming út űntstien.
Nyk de Vries wie studint skiednis en wie der sels by. Hy beskriuwt de beweging en jout ek syn fizy op de takomst fan de Fryske literatuer, de mooglikheden foar fernijing en de tapassing fan de nije media troch skriuwers. Hy is ű.o. bekend as performer fan ‘proazagedichten’, dat binne hiel koarte ferhalen. Syn nijste bundel hyt: ‘De dingen gebeuren omdat ze rijmen’. Dit is de fjirde lęzing yn de rige fan de ‘Literęre 4-Stędetocht’, dy’t holden wurdt yn de fjouwer grutste plakken fan Fryslân: Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits. Alle kearen in oare sprekker oer in markant aspekt fan de Fryske literatuer, mei gelegenheid foar fragen en diskusje oan de ein. De lęzing yn Snits stiet op himsels, jo hoege as harker net de hiele 4-Stędetocht bywenne te hawwen.
De lęzing is ornearre foar elk dy't him by de Fryske literatuer betrutsen fielt: lęzers, (oankommend) skriuwers, útjouwers, sjoernalisten, resinsinten, afűkkursisten, learlingen, studinten, dosinten, leden fan Fryske kriten, ensafh. Datum: tiisdei 28 febrewaris 2012 Tiid: 20:00 - 22:00 oere Yntree: € 5,00 Studinten: € 3,50 Plak: Biblioteek Snits Adres: Wijde Noorderhorne 1, 8601 EA.
|
|