dagboek > overzicht
Dagboek maart 2012Bekiek hele maand 
 
31 maart om 12:17
 
Tramwein begearte: konflikt tusken yllzje en realiteit





Glansrol foar Titia Huisman!

Ambivalente gefolens doet ik justerjn t it Noorderkerk Theater nei hs rn. Tsjge west fan un fantastise foarstelling fan Toanielferiening Snits mei it stik Tramwein begearte, mar tagelikertiid my blau ergere oan freeslik dom pblyk. Ik wie al even benaud dat ik de ienige wie dyt slim argewaasje hie fan it stompsinnich gnizen en reagearje fan guon minsken tidens it spyljen fan it stik, mar dat foel gelokkich ( ? ) ta. It liket der op dat hieltyd mear minsken kultureel analfabeet binne en dat soe net iens sa apart wze yn in ln drt konstant beknibbele wurdt op kultuuredukaasje. Is it no sa dreech om je de bek te hlden tidens it spyljen? Net oates en toates dom te laitsjen en alhiel net as dat gjin pas jout? Foar guon lju blykber al, ergerlik!

Des te grutter myn wurdearring foar de akteurs fan Teater Snits dyt it wrldferneamde stik fan de Amerikaanse skriuwer Tennessee Williams fantastys fertolkten. Respekt benammen foar Titia Huisman, se stie de hiele jn op it poadium, en Anneke Hondema dyt de haadrollen fertolkten. Wat in lappen tekst hawwe beide froulju leare moatten! Mar ek de oare spilers, Douwe Hoekstra, Leo de Ree, Matthie Silvius, Gerard Hamersma, Ramiro Gras en Yede van Dyk dyt it realistise drama yn lve snes oertsjgjend spilen.


It stik giet oer Blanche du Bois ( Titia Huisman ) en har suster Stella Kowalski ( en man Stanley ! ). Eins is it in kulturele klesh tusken dizze twa ( trije ) min ofte mear symboalise figuren, Blanche dyt stiet foar it rike libben fan de blanken in de sdlike steaten fan Amearika en Stanley in tipise representant fan de stedske immigrant-arbeider. Foar de btenwrld oer, mar benammen foar harsels, docht Blanche dat it noch altyd geweldich mei har giet. Se komt op besite by har suster en sweager, de Kowalskis, dyt nei New Orleans fertokken binne. Blanche fertelt dat de lde famyljeplantaasje, Belle Reve, ferlern gien is en dat de direkteur fan har skoalle har ferlof jn hat, omdat se in bytsje oerspand is. Sus Stella toant wol begryp, mar har man Stanley t noch yn net. Stanley is de tsjinPoal ( ! ) fan de gefoelige Blanche. Stella op har beurt, makket harsels wiis dat se fan Stanley hldt. Yn koarte snes komt it pblyk de wiere reden te witten wromt Blanche ope flecht is. De spanningen tusken de Kowalskis en Blanche rinne heech op en berikke oane ein in like dramatys as in yn it moed taastjend hichtepunt.





It is fenominaal hoe goed benammen Titia Huisman it karakter fan Blache Dubois delset, sy oertsjget folslein. Dizze aktrise spilet absolt gjin toanielrol, sy libbet har hielendal yn en soks kinne mar in bytsje amateurspilers. Ek Anneke Hondema hat in fin mear as in bears, in ideale tsjinspylster liket my. De manlike (by-) rollen kinne stik foar stik besjen leie, benammen dy fan Douwe Hoekstra. De rol fan in 'Polak' liket him hast letterlik op it liif skreaun te wzen. Ek noch krityk? De fersteanberens yn heftige situasys lit hjir en dr te winsken oer. Mar it is detailkrityk. Mei dit stik, mei dizze tfiering lit Toanielferiening Teater Snits ( sjapo ek far regisseur Dirk de Vries ) sjen dat sy toaniel fan heech nivo bringe. No guon minsken t it pblyk noch!!