dagboek > overzicht
Dagboek ňktober 2012Bekiek hele maand 
 
4 ňktober om 17:25
 
Cor van der Wal nomineard foar Sulveren Twicht!





De sjuery besteande út: Asing Walthaus (redakteur Leeuwarder Courant), Jetske Bilker (skriuwster) en Sjoerd IJbema (produsint Omrop Fryslân) hat de fiif bęste ynstjoerings útkeazen.
De fiif nominearren foar de sulveren Twicht 2012 binne:

SimonOosting(Simon Oosting) – #twicht Yslân Űnder de fjoertoer fan ivoar fűn ik in walfisk dea Nachts bedobbe ik him yn it swarte sân om ienris te pronkjen mei syn bonken (16-8-2012, 19:44)

AuckPeanstra (Auck Peanstra) – ‘k Sjoch it net as myn plicht en skriuw in #twicht, want ik hâld mear fan in langer gedicht, mar win ik de priis, dan betink ik my allicht. (5-9-2012, 12.08)

fryskfrommes (Pieteke) – Swiete wurden wurde wei yn sâlte triennen, it wetter fan de see lűkt sân mei nei de djipste djipte en it wurdt nea wer sa as it wie. #twicht (15-9-2012, 13:17)

Stellingwerfs (Stellingwerfs) – toegeven, et wodt gienertied echt een gedicht / want daorveur is et toch te licht / zoe’n zeuvenstuverse #twicht veur mien liefste wicht (23-9-2012, 17.45)

Knilles (Cornelis van der Wal) – #twicht fisker smookt en skriuwt mei fingers fan reek/in antlit op de sakjende sinne/wolkens triuwe read ljocht/dea yn it wetter
De priiswinner fan de bęste #twicht wurdt op snein 14 oktober om 16.30 bekendmakke yn it Jopie Huismanmuseum yn Warkum.Mear teleks