|
|
21 ňktober om 11:55 |
|
En dan is der poëzy…
Midden in ut geweld fan al ut foetbalnieuws is der dan op sundach poëzy. Oulopen week kreech ik un persbericht dat Eeltsje Hettinga met un nieuwe bundel komt. Dy bundel sal saterdach anboaden wurde op un wat onortodokse manier. Ik maak hier graach wat reklame foar, ut gaat mij útslútend om ut Woard! Hierbij de info:
Utrikking nije poëzybondel Eeltsje Hettinga tidens kulturele kuiertocht
Sneon 27 oktober, middeis 16.00 oere krije de dichter-essayist Martin Reints en de dichter-skriuwer Elmar Kuiper yn de Johannes de Dopertsjerke yn Parregea de twa earste eksimplaren oerhandige fan de poëzybondel IKADER fan Eeltsje Hettinga, útjűn troch de Gerben Rypma-stifting. De manifestaasje fynt plak tidens in troch de stifting organisearre kulturele kuiertocht dy't fan Blauhűs út wei, oer Greonterp, Hieslum, Arkum nei Parregea rint en wer werom.
Underweis fertelle Tjitte en Sytse Bouwhuis in tal folksferhalen, sa’t se dy trochdien krigen hawwe fan har heit Jan Bouwhuis, ien fan de wichtige boarnen fan de skriuwer en samler fan Fryske folksferhalen, Ype Poortinga. Nei de weromreis oer Hieslum en Greonterp is der in noflike neisit yn kafee ‘De Freonskip’ yn Blauhús, it kafee dęr’t oait Gerard Reve op in middei foar tűzen Euro oan drank bestelde by kastlein Teake Witteveen.
UTNOEGING EN DIELNAME De kulturele kuiertocht fan Blauhűs, Greonterp nei Parregea op sneon 27 oktober begjint om 13.00 by kafee De Freonskip yn Blauhús. Kosten €. 6,00 p.p. Goed fuortark meinimme.
It bywenjen fan de presintaasje yn de oarspronklik roomske Johannes Dopertsjerke fan Parregea is fergees en begjint om 16.00 oere. Graach namme en tal persoanen trochjaan. - Skriftlik: V.d. Looswei 28, 8615 LX Blauhűs - E Post: gerbenrypma@home.nl - Telefoanysk: 0515-579476 / 542352 (om-ende-by 18.00 oere)
O Ik meld …… persoanen oan foar Kuiertocht (12km) mei útrikking fan it boek O Ik rin net mei, mar meld …... persoanen oan foar de útrikking fan IKADER yn Parregea
'Allinnich kin ik folle hurder'
Eeltsje Hettinga skreau foar de Gerben Rypma stifting de súksesfolle biografy Gerben Rypma – de keunstner fan it dűbele krús. Syn debút, de dichtbondel Akten fan Winter (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de Provinsje Fryslân. Dęrnjonken krige er foar syn poëzy tal fan kearen de Rely Jorritsmapriis. Sjoch ek: www.eeltsjehettinga.nl
Hettinga hie gjin nocht om oardel jier of langer te wachtsjen op de útjefte fan syn nije bondel, wachttiden dy’t sa linkenlytsen wizânsje wurden binne yn de Fryske útjouwerijwrâld. (Mei troch it literatuerbelied fan deputearre Jannewietske de Vries wurdt de Frysktalige skriuwer redusearre ta de koely fan de kultuer.) Likemin hie de dichter nocht om de útjefte sels te bestuiverjen, in ferskynsel dat binnen de Fryske skriuwerswrâld – o gotspe, o mislediging – wat langer wat mear it gefal is.
‘Op dat soarte fan űntmoedigingen, om mar net te sizzen snútslaggen, dęr’t it wrakke provinsjale literatuer- en kultuerbelied foar in net lyts part oan mandélich is, sit ik net te wachtsjen,’ seit de eigensinnige Hettinga. ‘Trinus Riemersma silger sei it al: "Allinnich kin ik folle hurder." En dat jildt yn dizzen dan benammen foar de Gerben Rypma stifting.’ De stifting (www.gerbenrypma.nl), lyts en linich yn har űndernimmen, naam de útjefte fan IKADER foar rekken, soarge foar in folslein dekkende finansiering fan dizze mânske bondel – 88 siden – en hie de hiele put wurk in no time foar inoar. Apart foar dizze nije poëzybondel fan Eeltsje Hettinga makke skilder Sjoerd de Vries it byldwurk (omslach-yllustraasje), wylst foarmjouwer Gert Jan Slagter it gehiel in singelier moai uterlik joech.
Martin Reints (1950) is dichter, essayist en jout les oan de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam. Syn poëzydebút, Waar ze komt daar is ze, ferskynde yn 1981. Syn twadde bondel Lichaam en ziel waard bekroand mei de Herman-Gorter-Prijs. Foar de essaybondel Nacht- en dagwerk út 1998 krige er de J.Greshoff-Prijs. Tussen de gebeurtenissen (2000), syn tredde dichtbondel, waard nominearre foar de VSB Poëziepriis, lykas syn meast resinte publikaasje, Ballade van de winstwaarschuwing (2005). Reints wennet yn Brantgum yn Fryslân, learde yn syn jeugd silen op de Aldegeaster Brekken en skreau űnder mear it gedicht ‘Bach in Sandfirden’.
Elmar Kuiper (1969) is psychiatrysk ferpleechkundige, byldzjend keunstner, filmmakker en toanielskriuwer. Hy joech twa Frysktalige dichtbondels yn it ljocht: Hertbyt en Ut namme fan mysels en de Nederlânsktalige dichtbondel Hechtzwaluwen (2010)
Elmar Kuiper |
|