dagboek > overzicht
Dagboek ňktober 2014Bekiek hele maand 
 
12 ňktober om 12:09
 
Joke Tjalsma en de ferbylding yn ' In leafde '





Justerjűn by de premięre fan it nije Tryaterstik 'In leafde ', de toanielbewurking fan The Bridges of Madison County west. ‘ Theater Sneek voelt als een warm bad ’, wie it kommentaar fan ien fan de Tryaterminsken nei ôfrin fan de foarstelling. Dat begryp ik, at je űntfongen wurde mei proseccobubbels & lekkere hapkes, in folle seal en allegear freonen, family en bekenden. It fielde ek goed justerjűn yn de kultuertimpel fan Snits.

Węr’t it justerjűn om draaide wie úteraard it premięrestik. Fielde dat ek goed? Nei ôfrin mei ferskillende minsken praten, dy’t frege en net frege harren miening joegen.

Safolle minsken, safolle mieningen. Hielendal yn de toanielwrâld, dęr’t in miening faak swartwyt fentilearre wurdt.

‘ Ik fűn der werklik neat oan, at der in skoft yn it stik sitten hie, wie ik net werom kaam’, sei ien fan de reflektanten. ‘ It skuurt, it pakte my net. Ik begűn nei 25 minuten al om my hinne te sjen ’, wie de miening fan in oarenien. ‘ Wat in prachtich stik en wat fantastys spile. Ik haw even in trientsje litten ’, fentilearde wer in oar.

‘ En dou, wat fonstou der fan? ’ Ik laat ut even besinke, jum leze ut mňrren wel op myn weblog wat ik der fan fyn.

No in heal etmaal letter sit ik noch mei dy fraach wat ik der fan fűn. Ik besykje in antwurd te jaan. De foarstelling yn de foarm fan in fertelling is yn earsten in ferhaal ‘ rjochtút as in bargesnút ’. In universeel leafdesferhaal oer in Italiaanse frou, Fracesca ( Joke Tjalsma ) dy’t nei de Twadde Wrâldoarloch mei in Amerikaanse soldaat troud en nei The U.S.A ferfearn is. Dęr op it plattelân krije sij twa bern, Michael ( Eelco Venema ) en Carolyn ( Nynke Heeg ). Nei de dea fan harren mem, de heit is al earder stoarn, lęze broer en sus it leafdesferhaal fan harren mem yn it deiboek en brieven.
In romantise ( of moat ik sizze romantisearre? ) leafdesrelaasje dy’t der west hat tusken harren mem en natuerfotograaf Robert Kincaid.

At Robert op in moandeitemiddei yn ’e simmer Francesca moetet slacht de leafdesbliksem yn. In ferhaal oer langstme, dream en romantyk. En alles wat der fierder by komt.

En krekt oer dat lęste giet it neffens my. At je nuchter binne, kinne je sizze dat Francesca in hyt frommis is, dat yn ’e wike dat har man en twa bern net thús binne, har langstmen letterlik befredigd mei in flamboyante fotograaf. That’s it!

Wat him/har meinimme lit yn’e ferbylding sil minder gau klear węze mei it ferhaal. Dan komme der allegear fragen nei boppen. Dizze fraach bygelyks: Kin it sa węze dat twa minsken dy’t yn in midweek de leafde folslein mei mekoar dield hawwe en dęrnei noait wer mei mekoar praat ha in libbenlang mei inoar ferbűn bliuwe?

De nuchtere toan ( en dat is wat oars as monotoan! ) fan Francesca is ferriveljend want űnder de keale taal is in fulkaan fan emoasjes oanwęzich. Dat docht benammen Joke Tjalsma op in ferbluffend sterke wize en it sil yn ’e rin fan de foarstellingen allinne noch mar better wurde.





Hoe langer ik it ferhaal besinke lit, hoe yntrigearjender ik it fyn. Ik wol dizze foarstelling hielendal net stikken resinsjearje. Ik wol it ferhaal ek net grutter meitsje as it is. Ik krij eins hieltyd in better gefoel oer wat ik justerjűn sjoen haw. Ik bin noch drok oan it ferbyldzjen fan wat de trije akteurs mij sjen litten haw! Dat kostet even tiid.

Oer taal, dekôr en ljocht kin ik no al dúdelik węze: prachtich!