dagboek > overzicht
Dagboek september 2015Bekiek hele maand 
 
2 september om 08:54
  Eelke Lok





"Eelke Lok is één fan de meast infloedrike sjoernalisten in Fryslaan!" Sęge SE. Of ut ok werklek su is, laat ik mar even in ut midden. Feit is wel dat Eelke Lok gisteravend afskeid nam fan Omrop Fryslân: ”Wegens het bereiken fan de pensioen gerechtigde leeftijd”.

Op ’e kňp af 40 jaar het Eelke foar de Omrop werkt. En dwarsbongel pur sang Eelke Lok nam op syn eigen manier afskeid. Hij presentearde in Hotel Galamadammen tussen Koudum en Balk an de Morra syn laaste tv-programma over wat der in de 40 jaar allemaal mis ging. Deur syn skuld. Ut was de bedoëling dat de gasten fan Eelke bij hem op ut terras plak nimme súden, mar ut wear werkte nou nyt bepaald met.

Dat ut hele sirkus was binnen, gasten an tafel , Sicko Heldoorn, Hylke Speerstra, Jannewietske de Vries, Steven Sterk en Henk Kroes en ut geselektearde públyk in de saal, want su mochten de anwezegen sich fan Eelke noeme. Opfallend dat der mar un bitsje (eks-) kollega’s waren. Eelke had ut blykber earder as ik begrepen dat kollega’s mar kollega’s binne, niks mear en niks minder. Kollega’s binne nyt automatys frynden. Frynden soeke je self út. En Eelke had syn frynden gisteravend om um heen. Fan Rients Gratama tňt Mart Smeets, fan de gebroeders Anker tňt Rein Jonker.





Na de opname fan ut allerlaatste TV-programma speulden Weima & Van der Werf, en dat is altyd tňp! Dy speulden sudat der nyt gelegenheid was foar toespraken, nou de direkteur fan de Omrop mocht Eelke nňch un groat bos bloemen geve. Eelke houdt nyt fan toespraken, om over ‘ stukjes ’ mar te swijgen: by stikjes rin ik fuort! Eelke wú ok gyn kadoatsjes, nee gewoan wat sitte, prate, wat weromsiën, drinke, hapkes en lústere naar múzyk út de jaren dat hij begonnen was as sjoernalist.

Kan nyt anders sęge dat ik un prachtege avend had hew!
Tňch kreech Eelke gisteravend nňch un bysonder kadoatsje: ‘It each fan Eelke’, un bundel met dęrin syn bęste kollums, dy’t hij overigens na pensioenering ok nňch skriëven bliëft. Hearleke dwarsbongelege stukjes.

Teminsten dat fyn ik.





Eelke sprak fanmňrren un kollum út węrin’t hij teruchsiët op 40 jaar RONO en later Omrop Fryslân. In dy kollum wurdt ok dúdelek węrom’t Eelke nou afskeid nimt: hij laat sich nyt sture deur managers en un minister dy’t fine dat der un Stichting RPO ( Regionale Publieke Omroep ) komme mut. Ut betekent ut einde fan de selfstandechheid fan de Omrop. En dat wil Eelke nyt. Ik bin ut folkomen met Lok eens.

Miskyn mocht ik dęrom gisteravend wel ete en drinke op kosten fan de Omrop!





UPDATE de kollum fan Eelke


Pensjoen

Justerjűn ha ik ôfskied naam fan Omrop Fryslân. Fanwege sa’t dat offisjeel hjit “het bereiken van de pensioengerechtigde leeftijd”. Mar lokkich ha we ôfpraat dat de kollumkes ynearsten noch net oan pensjoen ta binne. Normaal rjochtstreeks, no efkes opnaam, want it waard fansels let justerjűn. We moasten stilstean by de fjirtich jier dat ik hjir yn tsjinst west ha, fan earst de RONO, letter Radio Fryslân en no Omrop Fryslân. En yn 40 jier kin der in soad barre.

No hie dat om my ek net hoecht hear. Ik fyn it űnsin om dingen te roppen. Of roppe te litten: "Do hast fjirtich jier de befolking fan Fryskân tsjinne". Of: "Do wiest in úthingboerd foar ús." Unsin. Ik wie yn tsjinst fan in bedriuw dat my tagelyk moai de gelegenheid joech ien fan de moaiste beroppen yn de wrâld út te oefenjen. En omdat dat sa wie, koe ’k wol fjirtich jier fierder. En ik hie ’t om it wurk noch wol in pear jier dwaan wollen, mar de oerheden stjoere ús aanst wer werom yn it RONO harnas sa liket it, no ja dat hie ’k alris meimakke en it ienige wat we doe woenen, wie sa gau mooglik selsstannich wurde en doe’t we dat wienen ha we in ekstra borrel naam, we wiene goudgelokkich. Dat gefoel wol je net mear kwyt.

At ik noch trochwurke hie hie ’k ek űnwis west oer de sjoernalistike opstelling. Dy fan tsjintwurdich is sa oars as at wy opfieden en oplieden binne. En ik wol my bęst oanpasse as de nije tiid nije dingen freget. Mar oanpasse betsjut net mei opsetsin saken ferkeard of net goed behannelje. Dat ferdom ik. Nee, ik hâld net fan dy eigenwize minsken dy’t sizze: "Ik fyn dat kwaliteit foarop stean moat." Mar de oare kant fan it ferhaal is dat myn kollega’s der no op útstjoerd wurde mei in kamera, ynterviewe mei twa mikrofoans en tagelyk lűd en byld regelje, it dan yn de studio sels ynelkoar sette, en eins moat alles earst op kompjűter, i pad, apps en twitter smiten wurde, leafst foardat dingen bard binne. Inkeld mar om't steatssekretaris Dekker soks de útfining fan de ieu fynt. Dan sis ik dat myn kollega's dus net de resultaten helje as at wol kinne soe. En dęrfan bin jim as harkers dan wer it slachtoffer.

Mar dęr wol ik my no net drok mear oer meitsje. Ik fersink efkes yn in geweldige herinnering oan 40 jier. Oan jim dus. Want jim wiene sa tefreden doe’t we yn de sniewinter fan 1979 der foar soargje koene dat de âlderen in pűdsje oan de doarkruk hongen at se graach woene dat immen foar har boadskipje koe.
Dy frou yn it sikenhűs yn It Hearrenfean dy’t fia har bern witte liet: "Hearlik sa’t jim my op de hichte hâlden ha fan hoe’t Hearenfean justerjűn fuotballe."
Of de mem fan reedrider Ids Postma dy’t ik tref midden yn in hiel drok Holland House by de Olympyske WInterspelen yn it foar ús fiere Japan: "O wat bin ik bliid dat dy sjoch. Kin ik teminsten efkes wer Frysk prate."

Of de âlden fan de ferstoarne jonge reedrider Willem Poelstra, doe’t we op syn begraffenis wiene, o wat hâlde Willem fan jim.
Of Hayo Apotheker dy’t opstapte as minister en nimmen te wurd stie, mar de jűns gewoan yn it politike programma It Wapen fan Fryslân kaam.
Of Cees Roozemond, waarnimmend boargemaster fan Smellingerlân, dy’t eins út name fan al dy nije ynkommelingen sei: "Jonge, ik ha it Frysk by en fan jim leard."
It entűsjasme węrmei jim altyd harken en seagen, mar ek meidienen oan ús programma’s, jim opbouwende krityk, jim meilibjen. It wie in genot om dęrmei te wurkjen.

Of der is in man yn de katakomben fan SC Hearrenfean dy’t seit: "Ik bin it net altyd mei dy iens, mar ik mei der graach nei hearre." Hy hat it dan oer de kollums.
Sjoch, en dan stap ik in supermerk yn en komt der in folslein űnbekend âld froutsje op my ta skeuveljen en dy seit ynienen: "Ik bin it hielendal mei jo iens. Pak se mar oan. Trochgean."

Ja frou. Ik bin der sneon gewoan wer."