dagboek > overzicht
Dagboek maart 2016Bekiek hele maand 
 
3 maart om 18:25
 
It eigen paradys fan Auck Peanstra





Op 21 septimber 2007 hie ik in ynterview met Aukje Hoogland – Peenstra foar Algemien kultureel tiidskrift de Moanne. Fannemoarn lies ik yn sawol it Friesch Dagblad as yn de Leeuwarder Courant it berjocht fan har ferstjerren. It berjocht kaam mij oer it mâd, witst net dat Aukje slim siik wie.

As earbetoan oan har pleats ik no hjir it ynterview dat ik yn septimber 2007 mei har hie. Ek doe praten we oer dy freeslike rotkanker. It meunster dat werom kaam en no in ein oan har libben makke hat. Rêst yn frede Aukje.

"Boppe wetter kommen brieven fan har mem wiene foar skriuwster Auck Peanstra (1954) oanlieding om de oantinkens oan it plak fan har famkesjierren, Sitebuorren ûnder Grou, op te skriuwen. It boek is ferskynd by Utjouwerij Venus en hat as titel Sitebuorren, myn eigen paradys meikrige.

‘Wy wennen op in eilân, myn trije âldere bruorren en ik, mar sa fielde dat as bern net. Koest der wol allinne oer it wetter komme, mar by in eilân hast mear it idee fan primitive tastânen lykas dy fan Robinson Crusoë en oaren. En sa wie Sitebuorren net.’
Dom, ik haw it adres fan Auck Peanstra net opskreaun, sjit my yn ’t sin, as ik al tichte by Bitgummole bin. Ik wit dat Aukje Hoogland-Peenstra, sa’t har offisjele namme is, earne yn in nijbouhûs wennet. Ik wie der njoggen jier lyn ek alris foar in ynterview. Doe, yn 1998, waard har yn 1997 ferskynde berneboek Yn piama de dyk oer bekroane mei twa ferskillende prizen: de Simke Kloostermanpriis foar bêste berne-/jongereinboek fan de foarôfgeande trije jier en de Sulveren Spjelde, de priis fan de Fryske berneboekesjuery. In werprintinge fan it bekroande berneboek is troch Utjouwerij Venus tagelyk útjûn mei de oantinkens fan Auck Peanstra.

Ien kear freegjen is genôch om my nei it hûs fan Auck te ferwizen. ‘Juf Aukje wennet op It String 35’, seit in freonlike doarpsjonge. It is ommers ek sa, Aukje is juf oan de iepenbiere basisskoalle fan Bitgummole. At ik oanskilje, docht Auck sels iepen. In grutte swarte hûn springt boartlik by my op. Auck is gelokkich rêstiger en bêdet it bist del. Gelokkich, ik bin as de dea foar grouwe hûnen.

Eefkes letter sitte wy nei lyts tsien jier wer foar mekoar oer. ‘Hast sin oan dit ynterview?’ is myn begjinfraach. Auck is dúdlik: ‘Och, it heart derby…’ De skriuwster lit witte dat der in Aukje is, dy’t gewoan op skoalle en thús is, en der is in Auck, mei ck. Dy lêste, dat is de skriuwster. ‘As ik as Auck fuortgean, dan doar ik alles. In Lawei-seal fol mei minsken foarlêze bygelyks. As Aukje soe ’k dat heal bestjerre, leau ’k. It is gewoan in rol dy’tst spilest, in soarte fan toanielstik. Wol echt, mar in oare kant. Ik hie as bern noait tocht dat ik soks doarre soe, ik wie in skytsek, ferlegen. Ik gean no sa njonkelytsen alle wiken in kear te foarlêzen út eigen wurk. Ik haw it wol meardere kearen wyks dien, mar dat bruts my op. De stim hold it net en do giest op’t lêst ek op de automatise piloat, en dat moat net.’
En dan giet it gesprek ynienen net mear oer skriuwen en foarlêsoptredens, mar prate wy oer sûnens. Of eins is it Auck dy’t praat, in monolooch fan in frou dy’t oerfallen waard troch it meunster dat kanker hjit. ‘Trije jier lyn, it wie 16 febrewaris 2004, doe krige ik te hearen dat ik in harsentumor hie. It wie goedaardich, mar do skrikst dy tepletter en dyn hiele wrâld falt útelkoar. Se woene my opereare, mar dat woe ik net en ik doarde it ek net oan. Want de kâns is grut dat se ûnder it operearjen senuwen reitsje en dat je dêrtroch in skeef gesicht krije. Doe krige ik yn augustus ek noch de meidieling dat ik boarstkanker hie. Kinst miskien begripe dat it hiele skriuwen my neat mear sei. Ik bin opereard en tritich kear nei Rotterdam reizge om dêr yn it Erasmussikehûs bestriele te wurden. Precisiebestraling. Nei dy bestrielings bin ik wer by de wâl opklommen en haw ik meiwurke oan Studio F (nije Fryske lesmetoade, hvdv). Ik tocht: ik sjoch wol hoefier ik kom, no sis ik dat it meidwaan oan Studio F my der miskien wol trochskuord hat.

Ik hie ôflieding.’ Nei dy achterôf besjoen miskien wol terapeutise skriuwklus, wurdt it 2006. Auck is ynsafier opknappe dat se ek wer sin krijt oan oare skriuwerij. It idee om oer har famkesjierren te skriuwen libbe al earder, mar yn ’e maitiid fan 2006 set Auck út ein mei it op papier setten fan har jeugdoantinkens. ‘Om oer myn jeugdjierren op Sitebuorren te skriuwen hie ik in kapstôk noadich en dy krige ik yn hannen doe’t der ynienen in tal brieven fan ús mem boppe wetter kamen. Dy brieven hie ús mem, Dora Peenstra-Elzinga, skreaun oan Bertha Groot Obbink.





Dy hie yn de fyftiger jierren sa’n seis wike by ús heit en mem op’e pleats staazjerûn. Ik haw har doe net meimakke, want it wie foar myn tiid, de earste brief is fan 27 maaie 1952. Bertha hat myn broer frege oft de famylje ek belang by de brieven fan ús mem hie. ‘Jawol’, sei myn broer. Doe’t ik dy brieven krige, wist ik: dit wurdt myn kapstôk! En sa bin ik gewoan begûn te skriuwen, mei de gedachte fan: ik sjoch wol hoefier ik kom en wat ik noch wit. At ik wer wat skreaun hie, mailde ik dat oan myn broer Oane. Elk fan de tweintich haadstikken yn it boek begjint mei in mail fan Oane. Hy mailt my de brieven fan Bertha en dy epistels fan har binne foar my dan de kapstokjes om yn myn ûnthâld te graven en oer froeger te skriuwen.

Dy brieven binne presys sa’t se wiene, dêr haw ik neat oan feroare.’ It is gjin tafal dat Auck krekt nei har siikwêzen mei dit famyljedokumint út ein set. Sy beseft as gjin oar dat alle sekerheden weifalle en dêrom wol se har jeugdjierren op papier fêstlizze. Net yn it lêste plak foar har bern (in jonge en in famke fan 22 en 24 jier), sadat dy lêze kinne hoe’t de jeugd fan har mem west hat. Foar har en foar harsels hat se dit boek skreaun en dus net foar ‘oaren’, sa jout se oan. Dat it boek net in privee-dokumint bleaun is, mar der no dochs leit, hat te krijen mei de útjouwer. Auck Peanstra: ‘Al jierren wie Yn piama de dyk oer útferkocht.

Fjouwer jier ha’k by de Koperative Utjouwerij frege: wolle jim dat ek wer útjaan. Se skytskuorren der tsjinoan, dêr komt it op del. Op in gegeven stuit hie ik sa myn nocht derfan, dat ik Trinus Riemersma fan Venus belle haw om te freegjen oft sy it boek ek útjaan woene. ‘Jawol’, sei Trinus, ‘stjoer mar ta’. Trinus hie eins mar ien fraach: ‘Hast letter ek nochris wat foar ús?’ En sa haw ik it manuskript fan Sitebuorren, myn eigen paradys nei Venus opstjoerd. Mei de gedachte fan: fine se it neat, dan fine se it neat. Neat stikken. Trinus seach der wol wat yn, mar joech oan dat it sa net bliuwe koe. Ik haw doe sein dat ik net wist wát ik dan feroarje moast. Dêr’t Trinus op sei: ‘Ikke wol’. Om in lang ferhaal koart te meitsjen, syn advys wie om it manuskript tematiser te meitsjen. En sa hat hy it ferhaal knipt en plakt. Ik hie der gjin nocht oan. Man, wat in bealchfol wurk en do sitst ek hielendal ticht op dyn eigen tekst. Nee, ik wie bliid dat Trinus dat dien hat, mar dêr meist net oer skriuwe!’

Ik jou Auck oan dat ik dat net beloof, sterker noch, ik sil it wol opnimme yn it ynterview. De skriuwster har antwurd is: laitsje, lûd laitsje. At wy fierder prate oer de brieven en oer Auck har mem, dan klinke hieltyd wer de wurden ‘leafde’ en ‘waarmte’. De brieven jouwe ek in byld fan hoe’t Auck har âlden wrotte en wrame moasten foar it bestean. Dat de (skriuwers)appel net fier fan de stam falt, docht bliken út it feit dat Auck har mem ek skreau. Fersen fan har waarden û.o. opnommen yn it Frysk Lânboublêd. It lêzen fan de brieven is foar Auck yn dy sin ferhelderjend, as it giet om de ferhâlding mei har heit en mem.

Auck: ‘Yn ien fan de brieven stiet de sin ‘Aukje ziet Gooitsen als haar oudere broer, alleen mem heeft het voor het zeggen’. Dat fûn ik sa’n aparte opmerking, mar doe’t ik dy sin lêzen hie, ferklearre dat wêrom’t ik it meast oan ús mem hân haw. Us heit stie folle minder op ’e foargrûn yn myn jeugd. Hy hie syn trije jonges, dy’t him holpen en ik wie dat lytse famke dat ús mem altyd graach hawwe woe. Tusken myn twa âldste broers en jongste broer hat ús mem in miskream hân, in deaberne famke. Dat wie fansels in ferskriklike teloarstelling.

Nei dy miskream krige se noch in jonkje en dêrnei my. Ik haw faak it gefoel hân dat ús heit tocht: dat is har bern. Ik wie dan ek altyd by ús mem.’ Auck hat noch gjin behoefte hân om oer har siikwêzen te skriuwen. Se jout oan dat se noch gjin genôch ôfstân fan dy perioade nommen hat. ‘Mar moatst net tinke dat ik no swiermoedich libje, ik sjoch wol hoe’t it komt. Alles watst krijst is meinommen. It is gelokkich wer allegear ‘gewoan’ wurden. Wûnder boppe wûnder’, seit Auck fleurich. At ik nei twa oeren ôfskie fan Auck nim, freget se my oft ik dy freeslike foto fan Tresoar fan har (‘ja, dy mei it langer hier’) net pleatse wol by it ynterview.‘Ik bin no Auck mei koart hier, dy mei de sturt, dat hat west!"