dagboek > overzicht
Dagboek september 2017Bekiek hele maand 
 
25 september om 17:23
 
Toon Tellegen yn Ljouwert





Toon Tellegen komt nei Ljouwert: op woansdei 4 oktober wurdt yn syn bywęzen de earste Fryske oersetting fan syn wurk presintearre by Boekhannel Van der Velde. It boek, “Teltsjes fan Tellegen – Alventritich bisteferhalen”, befettet in seleksje út it grutte oeuvre fan dizze erkende master fan it bisteferhaal.

Utjouwerij Regaad organisearret yn gearwurking mei Boekhannel Van der Velde in programma dat tige gaadlik is foar bern, mar ek foar harren âlden en fansels al dy leafhawwers fan it wurk fan Toon Tellegen. Der sille grizelige bisten węze, bern kinne har schminke litte, en fansels wurde der ferhalen foarlęzen.

“Teltsjes fan Tellegen” ferskynt by Utjouwerij Regaad, is yn kleuren yllustrearre troch Douwe Dijkstra en oerset troch Anne Tjerk Popkema. De priis fan it boek is € 15. It program is fan 15.30-17.30 oere, de tagong is fergees, en opjefte is net nedich.

Wat: Boekpresintaasje “Teltsjes fan Tellegen”

Wanneer: woensdag 4 oktober, 15.30-17.30 uur

Waar: Boekhandel Van der Velde, Leeuwarden, Nieuwestad 57-59

M.m.f.: Toon Tellegen, PaintIreen, Reptileshop Repticura, Douwe Dijkstra, Anne Tjerk Popkema

Prijs: gratis

Voor: iedereen, maar zeer geschikt voor kinderen