dagboek > overzicht
Dagboek maart 2018Bekiek hele maand 
 
15 maart om 20:16
 
Foar in debút yn Frysk Letterlân, meitsje ik graach reklame!





De Koma-Korrektor, debútroman fan Baukje Zijlstra

Snits- Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dęr by in aksje in befel wegere. Wylst Siemen – fertize yn hallusinaasjes – yn it sikehűs leit, giet Betty op űndersyk út nei it węrom fan dy wegering.
Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy’t Betty twingt sels ek in kar te meitsjen. Mar hoe dochst dat as der mear fragen as antwurden lykje te węzen, en wat makket dat in minske “nee” seit as it derop oankomt? Safolle partijen, safolle ferhalen, mar ien ding is wis: it ferhaal kin altyd wer opnij ferteld wurde.
Oer de skriuwster
Baukje Zijlstra (1967) is redakteur en skriuwer, en hat ferhalen publisearre yn űnder oaren Ensafh, Friesch Dagblad en Revisor. Se hat ferskate prizen wűn foar har ferhalen, węrűnder trije kear in Rely Jorritsmapriis. De Koma-Korrektor is har debútroman.

Boekgegevens

De Koma-Korrektor

Auteur: Baukje Zijlstra
ISBN: 9789492176806
Utfiering: paperback
Ferkeappriis: € 17,50
Siden: 254