|
|
23 maart om 13:49 |
|
Willem Schoorstra skriuwt Frysk kadoboek 2019
Op fersyk fan Boeken fan Fryslân skriuwt Willem Schoorstra it Fryske Kadoboek 2019. Schoorstra (1959) krige yn 2005 de Fedde Schurerpriis foar Swarte Ingels. Neist it skriuwen fan romans hâldt Schoorstra him dwaande mei senario’s, radiokollums (Omrop Fryslân) en essays.
Letter dit jier wurdt it iepenloftspul Rędbâd yn de teatertún fan Broeksterwâld opfierd. Dat is basearre op syn roman Rędbâd – kronyk fan in kening. Fan dat boek ferskynt yn ’t foarjier in Nederlânske oersetting en in herdruk fan de Fryske ferzy.
Oer de skriuwer
Bekende boeken fan Willem Schoorstra binne syn romans Swarte Ingels (2004), Rędbâd (2011) en Pier, de profesij fan bline Simen (2015). Meast resint ferskynde fan him de roman De nacht fan Mare (2017). Op dit stuit wurket hy oan in oersetting fan de ferneamde Poëtyske Edda en oan in nij boek, in psychologyske thriller. It wurk fan Willem Schoorstra ferskynt by útjouwerij Het Nieuwe Kanaal. |
|