|
|
2 jannewary om 19:51 |
|
Interviews útskriëve
Fandaach hew ik interviews an ut útskriëven weest. Ik nim de gesprekken altyd op met un voice recorder. Ut is miskyn wel un bitsje mear werk as ut útwerken fan antekeningen op papier, mar ut groate foardeel fan ferhalen opnimme fyn ik dat ik echt met de minsen in gesprek kan. Dat ik hun lichaamstaal leze kan en dat ik de minsen met wie't ik praat dęrbij in de ogen siën kan.
Hierbij alfast un stukje út ut Friesland Post interview dat ik met Willen Weening had. Ik sitear hier in ut Frys fan Willem, omdat ik fyn dat ut ferhaal dan autentiker overkomt.
"Maar de verhalen van Willem zijn ook hilarisch:“Hastű Earde Hut wol kennen? Hy wenne hjirachter, wie net troud en hy hie in gloeiend hekel oan wurkjen. Hy wie fęst twa kear yn’t jier jierdei en mei âld en nij rűn er moai lang te nijjierroppen. At wy as jonges by him del rűnen roppen wie fan ‘Aede wat waait it hurd net’ of wy seine fan ‘tuf tuf’, dan siet er ús al achternei, dan waard hy lulk. En dan koest mar sjen datst fuort kaamst, oars skopte hy dy űnder de bealich.
Mar Aede krigen se safier, it is echt gebeurd, dat er wurkje moast yn’e wurkferskaffing. Hy hoegde niks oars te dwaan as tee- en kofjesette. Dat is gjin swier wurk, dat kin elk wol dwaan. Sa’t wie him pleagen, pleagen de grutte minsken him ek yn’e wurkferskaffing. En Aede siet net mear by har te skoftsjen. Earmoed, hy skofte apart. Oant de foarman frege węrom’t sy net mear byinoar sieten.
Earde fertelde dat sy him narren en pleagen en dat woe er net. Dat de baas nei de oare arbeiders ta en wat prate. Sy űntkenden fansels, mar it wie op’t lest safier sy soene wer by inoar skoftsjen, it narjen soe ophâlde. Earde sei ‘at jim my dat belove, dan beloof ik dat ik tenei net wer yn jim kofje en tee pisje’. Want dat die Aede!”
|
|