dagboek > overzicht
Dagboek maart 2019Bekiek hele maand 
 
15 maart om 17:01
 
Brieven fan Fryske fersetsstrider Willem Santema nei Tresoar





Tresoar krijt foar it earst brieven fan fersetsstrider Willem Santema yn besit. De yn Skearnegoutum berne Santema siet yn de Twadde Wrâldoarloch yn it ferset. Hy wie ien fan de oprjochters fan de Raad van Verzet. Yn dy perioade wenne Santema yn Snits. De ein fan de oarloch helle hy net, want op 10 augustus 1944 waard er fusillearre yn Vught.

It giet om twa brieven. Ien dęrfan is neffens in saakkundige net orizjineel, mar letter oerskreaun. De oare brief liket wol orizjineel en is wierskynlik skreaun doe't Santema finzen siet yn Kamp Vught.

De brieven binne yn besit fan Tresoar kommen mei de help de famylje fan Jan de Rapper, in oare fersetsman fan Snits.

Yn 1990 haw ik tegeare mei in omkesizzer,Willem O. Santema, in boekje gearstâld oer it libben fan fersetsman Willem Santema.