dagboek > overzicht
Dagboek júny 2019Bekiek hele maand 
 
1 júny om 11:32
 
Eigen taal in de Friesland Post





"Op de legere Jan van Nassau skoalle fan Húzum sűge Hilly Harms de ferhalen dy’t de haadmaster dęr sa ‘aldermachtigst’ moai fertelle koe op as in spűns. It famke wist doe noch net dat se soks sels letter ek dwaan soe. Boppedat woene heit en mem neat witte fan toaniel en foardrachtskunsten, it paste doedestiids net yn it griffemearde miljeu węr’t Hilly yn grutbrocht waard. Dat Hilly balletdűnseres wurde woe likemin.

Dochs kaam Hilly letter bij beropstoanielselskip Tryater (‘at je it mar graach wolle, dan bart it ek noch’) en waard ien fan de bekendste aktrises yn Fryslân

Nei har perioade bij Tryater pakt Hilly Harms de tried fan it ferhalefertellen foargoed op nei’t se yn in Grinser kafé tidens it fertellen ta de űntdekking komt ‘hé dit kin ik!’

Su begint myn interview met Hilly Harms, dat ik un antal weken leden had met Hilly Harms. Ut staat in de nieuwe Friesland Post. Dęr hew ik un ferhale seary in over Dorpsfertellers. Ja, dat doën ik in ut Frys en de eindredaksy kont dan met un fertaling. Ferhalen komme ut bęste over in de eigen taal. At ut Frys is in ut Frys, at Snekers ňf Stellingwerfs is, dan doën ik dat in dy talen. Small is bjoetiffoel nou?!

Trouwens su doën ik dat ok in de Groot-titels: minsen siteare in har eigen 'sprake'.

De prachtege foto fan dizze prachtege frou is fan Tom Coehoorn.