dagboek > overzicht
Dagboek júny 2019Bekiek hele maand 
 
3 júny om 19:46
 
Fiif nominearren Gysbert Japicxpriis 2019





Fiif Fryske skriuwers binne nominearre foar de Gysbert Japicxpriis. De meast wichtige literęre priis fan Fryslân. Fan ’t jier wurdt de priis útrikt foar de kategory proaza.

De Gysbert Japicxpriis wurdt op 16 novimber 2019 yn Boalsert útrikt.

De nominearren binne (yn alfabetyske folchoarder):

Skriuwer: Hein Jaap Hilarides (foto)
Titel: De trekker fan Troje
Utjouwer: Bornmeer

Skriuwster: Aggie van der Meer
Titel: De Achttjin
Utjouwer: Afűk

Skriuwster: Elske Schotanus
Titel: Wurk
Utjouwer: Afűk

Skriuwer: Nyk de Vries
Titel: Renger
Utjouwer: Afűk

Skriuwer: Ale S. van Zandbergen
Titel: Famke famke
Utjouwer: Het Nieuwe Kanaal

Sjuery

De nominearren binne selektearre troch in űnôfhinklike sjuery. Grytsje Schaaf, Houkje Rijpstra en Atte Jongstra beoardielen 70 Fryske proazaboeken út de perioade 2015 – 2018.

De Gysbert Japicxpriis is de meast wichtige priis fan de Fryske literatuer. De winner fan de Gysbert Japicxpriis űntfangt in bedrach fan € 10.000,- en in oarkonde. De namme ferwiist nei de Fryske dichter Gysbert Japicx, berne yn Boalsert. De priis waard yn 1947 ynsteld troch it provinsjaal bestjoer. Dichter Obe Postma wie yn dat jier de earste winner fan de Gysbert Japicxpriis.

Boarne: Provinsje Fryslân