dagboek > overzicht
Dagboek júny 2019Bekiek hele maand 
 
28 júny om 20:48
 
Akky is myn nicht





Bij thúskomst fan in stedetrip út Marrakech leit der in roukaart op’e doarsmatte, in moaie roukaart dat wol. Of kinne roukaarten net moai węze? Akky Kuiper-Van der Veer is ferstoarn. Amper in moanne lyn krige ik it berjocht fan Akky har bern dat se slim siik wie.

No is Akky net mear űnder ús en stiet dizze tekst op'e roukaart:

Bin ik no útleard, frege in fro
Yn dit libben wol, antwurdde in ingel
Nim my dan mar mei, sei de frou
De ingel tilde har op
Se wie noch lichter as in fearke
Har siel krige wjukken
De frou fleach fuort

De âldste brief dy’t ik fan Akky ha is fan 27 septimber 1983, sa lang koene we mekoar al. Fan begjin ôf oan seine we tsjin elkenien dy’t nei ús famyljenamme frege dat we neef en nicht wiene. Altyd stiif folholden, dat wat sil ik no ek oars dwaan?
Ik folge Akky sűnt begjin tachtiger jierren op ’e foet en ik wurdearre har wurk tige en publisearre ferskillende resinsjes oer har boeken. At ik yn desimber 1995 har roman ‘Grutte Wurden’ lęzen ha, fertel ik har dat ek. Blykber op it goeie momint, want in oare resinsint ( Jelle Krol yn de LC) fűn dat it boek stykjen bleaun wie yn sfearbylden. Ik krij in brief fan Akky en se skriuwt ű.o.:

“Wat bin ik bliid dat der yn Fryslân teminsten ien persoan is, dy’t myn boek moai fynt en datsto dat bist! ‘k Wie justerjűn in bytsje mismoedich en ik tocht: Krammele-krammele, węrom begripe se my net? […] “Troch dyn reaksje bin’k der oerhinne: ’t Is in goed boek, wat sille we no belibje!”

En Jelle Krol, oer him skriuwt Akky yn itselde brief: ‘k Ha Jelle Krol fan’e middei moete. Hy frege oft ik ek lilk op him wie. No nee, fansels, want it wie op ’m sels wol in earlik besprek. Kin ik it helpe dat se sokke hege ferwachtings fan my hiene? En dat it dan altyd ôffale moat?”





Akky hat yn Snits foar de klasse stien, ik mien sels op deselde skoalle węr’t ik it lęzen en skriuwen learde: De Eben Haëzer Skoal op ut Oud Kerkhof. Elmar de âldste fan de trije bern fan Akky en har man Henk Kuiper, is yn Snits geboaren. Yn de Worp Tjaardastrjitte at it my net mist. Mei oare wurden, foardat ik Akky koe, wennen we moai yn deselde Noarderhoek!

Sneek/Snits

Op 24 july 2007 is Akky wer yn Snits. Tegearre mei Harm Rozenberg jou ik Akky in rűnlieding troch de stęd. It is in fijn weromtinken oan in leave frou. Moarn nimme we ôfskied fan Akky, ręst seft leave nicht.