dagboek > overzicht
Dagboek júly 2019Bekiek hele maand 
 
19 júly om 17:47
 
Fan Rockstra mei de Rolling Stones





Onderstaand ferhaal skreef ik 20 jaar leden foar ut Frysk literêr tydskrift Trotwaer. Al was us gister!!

‘Iet ies fantastisch om in Groningèn tu sein!’ BAFFF, dy Mick Jagger yn syn fluorisearjende oranje t-shirt sei it dochs werklik. Hy wiè op twa juny 1999 mei syn Rolling Stones yn it Grinzer Stadspark foar ien fan de Bridges to Babylon-optredens.

En ik wie der ek, foar it earst fan myn libben nei in konsert fan de Rolling Stones. Op 12 desimber 1998 hiene we de kaarten, 95 gûne it stik, al besteld. In hiele ploech, sa'n man/frou as fyftjin, by ús út it doarp hie itselde dien. De ienige ûnderfining dy't ik mei megakonserten hie wie in optreden fan Tina Turner, op 1 novimber 1990 yn it Thialf Stadion op it Hearrenfean. Dat wie foar my in hielendal tè gekke ervaring. Doe't de Stones foar't earst yn Nederlân wiene, yn 1964, hie 'k it krúske amper op 'e rêch. De ferhalen oer de earste optredens fan de Beatles en de Rolling Stones hawwe myn leeftydsgenoaten (de 45-tigers) allinne mar fan hearren en sizzen. Wy ha noait Hippie west en al likemin Yuppie.

Wy binne eins Huppy's dy't altyd te let of te betiid binne. No't de Stones sa ticht yn 'e buert wiene ha 'k sa gau't ik de kâns krige myn trekken waarnommen. Einlings wolris op 'e tiid!

It waar is dy twadde juny brodzich, der sit tonger yn 'e loft. As we de middeis om trije oere by Snits de A-7 opride falt it wetter al mei bakken út 'e himel. Yn 'e goedichheid jou dy frekte grifformearde Grinzer dûmny's net de idee dat se in streekrjochte ferbining mei de himel hawwe.

Mei de bleate knibbels op in kokosmatsje hie alles wat fan in grifformearde sinjatuer wie bidden tsjin it konsert fan de Rolling Stones. Allinne op basis fan it nûmer ‘Sympathy for the devil’ hiene de pipermuntsjegrifformearden út Uithuizermeeden en omkriten Stonessjonger Mick Jagger fertocht fan satanisme. Reden genôch om te bidden as it konsert yn Grins ‘floppe’ mocht. Bidde om reinwetter, as wiene se de profeet Elia sels, hearekrisje, wat in healwize aksje. Irony bestiet blykber net yn it Grinzers. Bidde tsjin satanisme, ik ha der as oprjochte kalvinist mei net te min skuldgefoelens gjin problemen mei. Mar de Stones meitsje mei har duve(l)katerse muzyk de wrâld al omtrint fjirtich jier ûnfeilich en moatte Mick Jagger en syn maten, krekt no't se einlings ris yn Grins komme, tsjinholden wurde mei gebed?

Lokkich klearret it waar dy jûns op, ûnder it konsert falt der gjin drip, en as Mick Jagger ‘Sympathy for the devil’ ynset doch ik wakker mei yn it hu-hu-koar.

We parkeare ús auto op in stik lân oan 'e Peizerweg, beteltje in tientsje en geane mei tûzenen op wei nei it Stadspark. In tippel fan trije kertier. De sfear is relakst, it praat giet oer de eardere Rolling Stones konserten, oer dat it ivich en altiten min waar is wannear't de Stones yn Nederlân binne. Mar it giet ek oer it meast memorabele Stones-konsert, dat de band yn 1964 yn ús lân hold. Op 8 augustus fan dat jier steane de Stones op it poadium yn it Kurhaus fan Scheveningen. Krapoan in kertier duorret it optrêden, dan bespringe hûnderten fans it poadium en wurde der like hurd wer ôffeegd troch de Haagse plysje. In plysjeman op it poadium smyt stuollen de seal yn, de knokploech fan konsertorganisator Paul Acket trapet wyld om him hinne.
‘Politie tepaard’ rydt tusken de fjochtsjende binde troch, oeral leit bloed. Mick Jagger sil letter ferklearje dat it de heftichste rel wie dy't se ea op in konsert meimakke hiene. Net iens troch tadwaan fan de fans, mar troch it furieuze optrêden fan 'e plysje.

Fan sa'n broeierich sfearke is neat te merken as wy om healwei seizen by yngong A oan 'e Laan 1940-1945 it terrein fan de Grinzer Draf-en Renbaan opstappe. De jonges fan 'e security company dy't troch organisator Mojo ynhierd binne kontrolearje allinne mar oft wy ek ‘blikjes’ by ús hawwe. Wy net, mar oaren blykber wol, it leit besiedde mei blik dat net meinommen wurde mei op it terrein. De merchandising-merk draait op folle toeren. Allinne beropsfotografen is it tastien by it konsert foto's te meitsjen, om doch in foto fan de Bridges to Babylon te krijen wurdt ús in tegoedbon yn 'e hannen treaun. Opstjoere nei Michael & het FAN Association-team, mei twa gune ekstra oan postsegels, en in ‘kosteloze live-kleurenfoto’ yn superformaat sil tastjoerd wurde. Ik weagje de gok.

In struibriefke mei it ‘tongue & lip’-logo makket reklame foar it Stones People Magazine. Mei in oplage fan 40.000 eksemplaren yn 41 lânen is it sûnder mis it grutste fanklupblêd fan The Greatest Rock ‘n’ Rollband in the World. Ik nim gjin abonnemint, foar ynformaasje oer de Rolling Stones, sykje ik myn heil wol op it Internet dêr't tsientallen websites omtinken oan 'e groep jouwe. Foar de tinten mei Rolling Stones t-shirts, broeken, CD's, posters en oare Stones-snypsnaren is der gjin trochkommen oan. It is ècht big business.

Op it grutte terrein fan 'e Draf- en Renbaan sit en leit it folk inkele oeren foar it begjin fan it konsert yn groepen bymekoar, it is suver in sentimental journey: de reek fan joints sa grut as in altsaks kringelt omheech, froulju, dy't Sara al lang sjoen hawwe, yn superkoarte tiger-stof-rokjes, rinne grutsk mei de beppesizzers oan 'e hân. Trije generaasjes Stones-publyk trekke op nei de foarste rigen. Wy sykje in plakje neist de linker ‘mixtoren’ en hawwe in machtich útsicht op it poadium.


It poadium fan Bridges to Babylon slút perfekt oan by de ‘grut, grutter, grutst’-gedachte fan 'e band. It troch Mark Fischer ûntwurpen ûnbidich grutte ding is mar leafst 54 meter djip, 26 meter breed en 25 meter heech. Ut 'e yngewanten fan it poadium sil letter op 'e jûn noch in 52 meter lange bridge foar it ljocht komme. Eachlûkers binne fierders in gigantys grut ovalen fideoskerm en twa dito grutte opblaaspoppen. Dy twa froulju symboalisearje de deasunden ‘luiheid’ en ‘vraatzucht’. Alteast dat fertelt in Stones-fan my, dy't sa't liket streekrjocht út 'e Flower Power tiid stapt is. Se wit ek noch te fermelden dat de ynstruminten fan de Stones oansluten binne op it Electro Voice X-Array PA System, dat ûnder oaren bestiet út 100 fersterkers en 160 lûdsprekkers mei in folsleine kapasiteit fan 252.000 Watt. ‘Maar zeg, dat hoef je niet allemaal op te schrijven, ik stuur je wel even een mailtje met wat logistieke gegevens...’ De oare deis noch lês ik op myn Daewoo-skerm dat wannear't de Rolling Stones yn Grins optrede ergens oars yn Europa twa oare poadiums ferpleatst of ôfbrutsen wurde. Trije ploegen-de Steelteamsfan 25 man reizgje yn 15 frachtweinen mei elke set mei. Sa'n 170 man folgje de bandleden permanint.

Even nei healwei achten komt der beweging op it poadium, Catatonia begjint mei it foarprogramma. De Welske band makket op my gjin bysûndere yndruk, al moat sein wurde dat sjongeres Cerys Matthews wol in hiel eigen lud hat.
De hoasbui mei bliksem enheilstiennen dy't om fiif oer achten útbarst des te mear. Mei in hiele ploech ûnder in grut stik plestik ‘Who stops the rain’ blêre - dat is pas kicke man - en it mei-in-oar-ien-gefoel berikt syn hichtepunt noch foardat Mick Jagger mar ien stap op 'e planken set hat.

Om sân minuten oer njoggenen skowe de grize gerdinen stadich iepen, flitse de spotlights oan en dreune de earste klanken fan it iepeningsnûmer ‘Jumping Jack Flash’ oer de Grinzer Drafbaan. Op it fideoskerm sjoch ik in driftich baaske yn in fel oranje t-shirtsje oer it poadium hinne en wer huppeljen: Mick Jagger ‘Rubber Lips’ live! Neist him dy leipe Keith Richards, de fleiswurden Rock & Roll, it shagje slûchslim tusken de lippen, dy't mei syn earste riffs it publyk al fuort en daliks yn fjoer en flam set. Ron Wood, de deis foar it konsert 52 jier wurden, in pear stappen achter de publyksgeile Keith, laket it publyk ta: here we are, no giet it fan rockstra! It grutste applaus is lykwols foar de Stille Stone, Charlie Watts. De drummer fiert dizze dei syn 58ste jierdei, in massaal meisongen ‘Happy Birth Day’ wurdt syn diel. Nei ‘Jumping Jack Flash’ folgje oare Stones-klassikers lykas ‘Bitch’, ‘Respectable’, ‘It's only rock “n” roll’ en ‘Gimme Shelter’. As ‘Angie’ foarby komt, sjong ik like lûd as Jagger. Op it ovale skerm prachtige swart-wyt bylden, in back to the sixtiesgefoel bekrûpt my.

As eefkes letter it futuristise Gasuniegebou, de Aperots, op it fideodoek ferskynt mei al dy tûzenen Stones-fans derfoar besef ik dat ik der èk by bin. We geane hielendal út ús dak as Keith Richards by ‘Honky tonk women’ him útlibbet op it toetseboerd fan Chuck Leavell. Hiel ymponearjend is it as in ‘bridge’ út it haaddekôr yn wolken fan reek tefoarskyn komt en de Stones op in lyts poadium fan in pear fjouwerkante meters fierder spylje. It ‘Like a Rolling Stone’ klinkt op, in koar fan 75.000 minsken sjongt en swingt alle kanten út. As it optreden op it lytse poadium achter de rêch is en de mannen werom binne yn it haaddekôr geane alle registers iepen. Trochdat it tsjuster is, komme de skynwerpers hielendal ta harren rjocht. By it legindarise ‘Brown sugar’ berikt de show syn hichtepunt: nei in twatal geweldige stekflammen dwarrelje yn 'e floed fan ljocht kleurde glitters by miljoenen nei ûnderen en komme del op ien grutte dynjende kloft folk.

It fjoerwurk dat nei de absolute útsetter ‘Satisfaction’ folget lit my sûzebolje en ik bliuw noch in healoere nei de lêste klanken op myn plak stean. Ik sjoch hoe't ien út ús groep stiet te pisjen ûnder syn wide ponsjo wei, in oarenien yn gedachten fersonken in broadsje yt en hoe't it Steelteam as eamelders oer it poadium bewege, drok dwaande mei it oprêden fan 'e apparatuer. Mar ik stean ek mei eagen as teepantsjes te sjen nei de gigantise bulte rotsoai dy't de konsertgongers yn in ta modderpoel omtovere Draf-en Renbaan achterlitten hawwe. De Sneker Asbakkelaan is der in oase fan skjinnens by.

Om healwei twaën komme we wer by ús auto oan, nei in tocht dy't kwa tiid twa kear sa lang duorret as de hinnereis, Stones-fans never walk alone. As ik in oere letter, nei in broadsje gehakbal en in kopke tomatesop op bêd krûp tankje ik yn stillens de Heere Heere foar de Rolling Stones en jou my oer oan 'e sliep fan 'e rjochtfeardigen.