dagboek > overzicht
Dagboek júly 2019Bekiek hele maand 
 
24 júly om 18:25
 
Bruorren Kuiper winne beide in Rele Jorritsmapriis





Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Ik doch it foar dy’ fan Elmar Kuiper (foto) út Jorwert en ‘Kimboeëwij’ fan Geert Nauta út Wergea.

De winnende gedichten binne ‘Sleau mei lok’ fan Jetske Bilker (Achlum), ‘Wy kinne…’ fan Henk Nijp (Mantgum) en ‘Ik miende’ fan Remco Kuiper (Goutum).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 81 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen.

De sjuery bestie diskear út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 5 oktober útriktyn it doarpshűs te Weidum.