dagboek > overzicht
Dagboek jannewary 2020Bekiek hele maand 
 
3 jannewary om 18:46
 
Nijjierstaspraak kfdK Arno Brok





Bêste minsken! It giet goed mei Fryslân! - It gaat goed met Cambuur (Liwwadders)! - It tal banen yn Fryslân nimt ta - It tal ynwenners groeit - De bêste supermerk fan Nederlân is de Poiesz - Omrin is it meast duorsume bedriuw fan Nederlân - De sterkst groeiende regio’s yn Nederlân kwa ekonomy yn 2020 sille wêze: regio Utert, Amsterdam, Eindhoven en.... de regio Súdwest Fryslân!

En last but not least... De eksport nei bûten Fryslân fanút de Dokkumer Vlaggen Centrale fan de Fryske flagge is it lêste healjier tanommen mei 30% ... De Fryske flagge wappert bûten ús provinsje al lang net mear allinich op it etiket fan de kofjemolke … Mar dochs... Op de drompel fan it nije jier is der ek skaad ... Alden út Drachten moatte troch in stekparty ôfskie nimme fan har soan, dy’t op de Intensive Care krekt 16 jier wurden wie… Yn de mist fan âldjiersdei komt in 58-jierrige ynwenster fan Dokkum om op de grutte dyk by Akkrum... tsientallen auto’s botsten yn de tichte mist op inoar.

Wat seit ‘súkses’ as dyn bern, dyn partner jûns net mear thús komt... As earste wol ik koart yngean op it kontenerynsidint mei de MSC Zoe ... Tonnen oan plestik kamen yn ús ekosysteem. Fan de 342 konteners binne 301 weromfûn en tanksij in soad frywilligers en ynstânsjes is der in soad opromme. 2 Mar ... it is skrinend te sjen dat de reder in ‘kat en muisspel’ liket te spyljen oer de kosten fan dit debakel ... In moreel appél is rjochte oan dôvemansearen. Foar it Waadgebiet is der ek goed nijs! Op 1 jannewaris set, nei in lange politike diskusje yn De Haach, de Behearautoriteit Waadsee útein! De haadfestiging komt yn Ljouwert. Twadde punt: 2019 wie foar de provinsjale polityk it jier fan in nije ronde. Ferkiezings yn maart. Nije Provinsjale Steaten en in nij Kolleezje.

Wa’t seit dat provinsjale polityk saai is, hat it op’e nij mis. Der wie yn en om dit hûs genoch ‘ferdivedaasje’.... In soad eigners fan ús 308.000 molkkij kamen op besite en net sûnder reden. In 2017 sei Kommissaris Leemhuis-Stout op dit plak by it nijjierssûpke dat der in gebrek is oan wurdearring foar de boeren foar harren bydrage oan natuer en lânskip en dat der in gefoel is dat de sektor der allinnich foarstiet. Leemhuis-Stout die ek in suggestje: jou ús it ministearje fan Lânbou werom. Letter dat jier waard Carola Schouten minister fan Lânbou. Dan komt de fraach: wat kin dat ministearje foar ús betsjutte?

De gearwurking yn de regiodeals is prima. It hat yn elts gefal 25 miljoen euro opsmiten foar de regiodeal Noardeast-Fryslân. It departemint kin ek in soad oan ús hawwe. Wy binne in unyk proefgebiet dêr‘t de rest fan it lân ek profyt fan ha kin. Tink dêrby oan inisjativen fan ûnderop, yn it feangreidegebiet. Lykas yn Aldeboarn/De Deelen. It mes kin hjir oan ferskate kanten snije, it kin ek wat betjsutte foar it klimaat. Mar in departemint is net in doel op himsels ...

De takomst fan de sektor, dy’t woartele is yn ús mienskip, hat takomst as wy harren ek romte jouwe. Mar: de konsepten fan it ferline, binne net altyd de konsepten fan de takomst. De lânbou hat yn ús provinsje wis en wrachtich takomst mar it sil ek oars moatte, mei mear omtinken foar de kwalitative groei fan de sektor. 3 Der wurdt by de transformaasje ek in ynspanning frege fan de koöperaasjes, de banken, feevoedselprodusinten en net te ferjitten: de konsumint! Binne wy ek ree mear as de hjoeddeistige 14% fan ús ynkommen te beteljen foar ús iten? Wy binne en bliuwe in lânbouprovinsje mei in grutte ynnovaasjekrêft.

Dêrom binne wy tankber dat ús minister fan Lânbou witten litte hat dat sy graach ree is sprekker wêze te wollen op de njoggende Rede fan Fryslân, letter dit jier. Lêste punt: heechlearaar Caspar van den Berg fynt dat it nasjonale parlemint regionaler moat. Groeiende regionale ferskillen bedriigje de bestjoerberens fan Nederlân. Yn plattelânsregio’s bestiet it gefoel dat de eigen kulturele identiteit bedrige wurdt troch in lytse, mar dominante groep ut‘e Rânested.

De ferpyldering (verzuiling) hat plak makke foar bubbels. Yn hokker bubbel sitte jo? Neffens Van den Berg meie en kinne de partijen it lûd út de regio net negearje. It is yn nasjonaal belang om de regionale ferskillen lytser te meitsjen. Want der komt wat op ús ôf: - enerzjytransysje - de klimaatadaptaasje - de kustbeskerming - en de wenningbou.

De grutte stêden hawwe it lânlike gebiet nedich. Ik rekkenje derop dat it rapport fan de Staatscommissie Parlementair Stelsel – Lage drempels, hoge dijken - fan Remkes foar it regear oanlieding wêze sil om de fersterking fan de regionale komponint fan ús parlementêre stelsel fierder út te wurkjen.

Achte oanwêzigen! It Frysk folksliet sprekt oer: ‘it bêste lân fan d’ierde’ ... Dat kin grif sa wêze, mar wy binne net better as oare minsken... miskien wol wat oars. Wy binne fol selsbetrouen de drompel fan 2020 oer gongen. 4 Wy binne selsbewust, wy leauwe yn mooglikheden, de takomst… en kleurje dy graach sels yn.

Wy kinne yn Fryslân fytse sûnder ‘sydtsjillen’. Wy binne in fitale Europeeske regio yn ferbining mei oare provinsjes en mei oare regio’s yn Europa. Wy binne – en der is hy wer - in iepen mienskip… Mar... jou ús de romte!

Mooglikheden genôch. Of’t it no de boeren binne dy’t harren bern ek graach takomst jaan wolle op harren bedriuw ... Of’t de bern dy’t graach better Frysk ûnderwiis op skoalle ha wolle. Ik winskje jimme fanút persoanlik perspektyf in soad Lok mar boppenal Seine ta foar 2020!!