dagboek > overzicht
Dagboek jannewary 2020Bekiek hele maand 
 
19 jannewary om 16:55
 
Ntrije55 - gedichten






‘Simmer 2017 rűn ik tal fan kearen oan ‘e westkant fan Hurdegaryp by de N355 del. Ik socht dęr om lyts yndustrieel ôffal, lykas bygelyks eintsjes tou, stikjes metaal, glęs en keunststof. Dy fynsten, losrekke fan in eardere funksje yn in grutter gehiel, wiene ferwurden ta tafallige foarmen en dęrmei beskikber foar my om in nije betsjutting oan te jaan.’

De gedichten yn dizze bondel Ntrije55 hat Elske Kampen skreaun nei oanlieding fan dit materiaal. Dęrmei set se in folgjende stap op har paad om poëzy te skriuwen op grűn fan hieltyd abstrakter byld. De bylden yn de bondel binne fan deade matearje, mar roppe poëzy op dy’t oer it libben giet.

Trochgong

Ik fyn in letterteken yn ‘e berm. Krij it op
en nim it mei. It foel ien ta de műle út dy’t
skrok of dy’t begrutsjen hie. Bewűndere of
eangstich wie. No stjoert it teken my.

Auteur:: Elske Kampen
ISBN:: 9789493159228
Tal siden:: 75
Taal:: Frysk
Utjouwer:: Afűk
Kategory: De moaiste Fryske poëzy, Dichtbondels, Fryske boeken, Romans en literatuer.