dagboek > overzicht
Dagboek jannewary 2020Bekiek hele maand 
 
23 jannewary om 19:12
 
Stella van Gent űntfangt earste eksimplaar ‘Tsjűgen fan de macht’, fan Aggie van der Meer





Justermiddei hat Aggie van der Meer har nijste boek oanbean oan Stella van Gent. Dat barde tidens de ôfskiedsbijienkomst fan Stella as wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Aggie van der Meer (92) is de lęste Gysbert Japikspriis winner. Van Gent en Van der Meer krigen ferline jier nei it takennen fan de GJ-priis oan Van der Meer kontakt meielkoar.

Stella rekke aardich űnder de tsjoen fan de skriuwster en hie har juster útnoege om op de earste rige plak te nimmen. Aggie van der Meer woe graach har nije boek oan Stella oerlangje en sa barde. Ik ha it taspraakje dat Aggie holde opnommen en dat gong letterlik sa:

“Laat ik beginnen met te zeggen waar ik blij om ben. Ik ben in ieder geval blij dat ik je heb leren kennen. Oh ja, ik zou eigenlijk beginnen te zeggen ‘geachte mevrouw…’ Maar nu zou ik zeggen ‘lieve Stella’. Ik heb even overlegd of dat kon.





Ehhh…daar ben ik in ieder geval blij dat ik je ontmoet heb. Oh, nee ik soe yn’t Frysk prate. Zo gaat het maar door. Ik bin der hiel bliid mei dat ik jo troffen ha en ik hoop net dat it de lęste kear west hat. Doe bliken die dat jo it hielendal net sa gek fűnen dat ik jo alsnoch it boek joech, dat ik earder al dwaan sillen hie. Doe wiene we krekt even te let. Ik tocht, ik treau der net op oan, mar as sij it ek leuk fynt dat ik it offisieel doch, dan doch ik dat. Skrik net fan de titel: Tsjűgen fan de macht. Getuigen van de macht, mar jo hoege net te skrikken want myn útjouwer dy sei al ‘het is een zeer ernstig boek, mar it is ljochtfoetich, do kinst der wol om laitsjen.





Fierder hoopje ik dat it goed mei jo giet, mar dęr bin ik net sa benaud foar. Dat sil wol slagje. Der binne perspektiven genôch en as se jo ienkear heard hawwe dan wolle se jo wol ha fansels.”