dagboek > overzicht
Dagboek òktober 2020Bekiek hele maand 
 
1 òktober om 17:27
 
Mindert Wijnstra (1945-2020)





Mindert Wijnstra is overleden, dat wurdde fandaach bekend maakt. Mindert was al un skoft erg siik. Op 20 september was der nòch un indrukwekkende ouskeidsinterview met Mindert op Omrop Fryslân radio. Foarech jaar, op 29 augustus, mocht ik Mindert foar de Friesland Post interviewe.

Toen leek ut wear de goeie kant met Mindert op te gaan. Ut mocht spitechgenoech nyt su weze. Mindert mocht mar 74 jaar wurde. Hieronder ut interview dat ik met Mindert foar de FP had.



Mindert Wijnstra verhalenverteller uit Warns

Elk dorp had vroeger zijn verhalenverteller. In Fryslân zijn nog altijd verhalenvertellers te vinden. Storytellers kennen hun omgeving vaak heel goed, de natuur en de aard van de mensen. Sommige ingrediënten berusten op werkelijkheid, andere worden overtrokken en berusten op fantasie. Ditmaal gaan we op bezoek bij Mindert Wijnstra (1945), verhalenverteller uit Warns.

“Dat ik bekind stean as ferhaleferteller? Praatsjemakker siz ik ek wolris, set Mindert Wijnstra ús ynterview útein. In ûndogens glimkje om’e mûle ferskynt. Dan begjint er te fertellen. Oer wêr’t yn syn optyk in goeie ferhaleferteller oan foldwaan moat.

“Do moast de minsken, dyn publyk meinimme yn it ferhaal. It is de kunst om it folk mei te krijen, de minsken moatte har ferbyldzje dat se it ferhaal foar har sjogge. In dekôr skilderje, personaazjes ta libben bringe. De hiele kunst is datsto dyn harkers mei krijst yn’e fertelling. Dat kin mei humor wêze, mei spanning, mei emoasje. It binne de wurden, mar ek de hâlding, de lichemstaal, de gebaren, de mimyk, dát is de kunst.”
Mindert Wijnstra dy’t jierrenlang ûnderwizer west hat yn Warns wêrby’t hy altyd fûn en fynt dat er de bern meinimme moast yn de ferbylding. Yn dy sin fielt Wijnstra him al in ‘libbenlang’ ferhaleferteller. Dochs wit hij wol wannear’t er him foar it earst ta ferhaleferteller roppen fielde.

“It is wilens al hast fyftich jier lyn dat ik mei it ferhalefertellen begûn. Dat barde eins by tafal. De skriuwer en samler fan Fryske folksferhalen Ype Poortinga spile der in wichtige rol yn. Poortinga sammele folksferhalen by minsken oan’e keukentafel, mei in bandrekorder naam er dy ferhalen op. Elkenien fernaam wol dat der in ein kaam oan dy tradysje fan it by skimerljocht ferhalenfertelle. De tv kaam derfoar yn’t plak.

Dêrom sammele Poortinga dy fertalen omdat hy benaud wie dat dy ferhalen ferlern gean soene. Doe’t der wer in bondel fan Poortinga syn ferhalen yn it Coulonhûs fan de Fryske Akademy presintearre waard belle hy my op mei de fraach oft ik ek in pear ferhalen fertelle woe. Ik hie dat noch net earder dien, mar Poortinga koe my in bytsje út de toanielwrâld en hie my ek meimakke as foardrager.

Ik ha doe tsjin Poortinga sein dat er mar wat ferhalen tasjoere moast en dan woe ik it wol besykje, mar it wie myn ding net. Ik haw doe twa ferhalen fan ‘a tot z’ út’e holle leard en yn it Coulonhûs foar it publyk brocht en dat fûnen de minsken wakker moai. Sa begûn it, de iene nei de oare frege my om te fertellen. Al gau dêrnei wie ik alle wiken yn in Omrop Fryslân rubryk oer folksmuzyk te beharkjen mei ferhalen. Dat waard presintearre troch Doede Veeman en Doede fûn dat myn ferhalefertellen dêr yn thús paste. It wie in populêr programma en ik waard samar bekend as Gekke Henky dy’t ferhalen fertelle koe. Sa is it ferhalefertellen begûn, sûnder dat ik it socht of pland hie. Neffens my wie it yn it jier 1977.”

Der binne ferhalefertellers yn alle soarten en maten, fan fantasijferhalen oant mearkes, fan bisteferhalen oant skiednisferhale. Mindert Wijnstra hat ek syn foarkarren.

“Ik bin leafhawwer fan it hiele brede spektrum fan folksferhalen en dat kin fan alles wêze. Mearkes, in miks fan skiednis en fiksje, skipper- en fiskersferhalen. Natuerferhalen haw ik in hiel soad op myn repertoire. Dy natuerferhalen binne eins myn dierberste ferhalen. Ik lear oars al lang net de fehalen mear út ’e kop. Ik lês in ferhaal at ik it op papier krij en dan lês ik it nochris om it dêrnei as in film foar my te sjen. Ik sjoch de bylden dy’t as in film foarby gean en dan komme de wurden ek wol. Der binne wolris passaazjes, in stikje dialooch sa at dy âld boer of skipper seit yn prachtich Frysk. Dat nim ik dan wolris letterlik oer. Mar ik bin eins in beskriuwer fan wat ik yn myn eigen geast sjoch. De ferhalenlinen, de ûntwikkeling haw ik yn’e holle en dy folgje ik.”

It publyk wêr’t Mindert Wijnstra foar fertelt is hiel breed, fan lytse bern oant minsken yn in fersoargingshûs.

“Foar middelbiere skoalle learlingen yn Ljouwert fersoargje ik by Boekhandel Van der Velde yn Ljouwert in ferhalelêzing. Dat binne bern fan 16/17 jier en dêr haw ik in programma fan in oere foar, ik doch it al tweintich jier. Myn ûnderfining is dat se soks hartstikke moai fine. Dêr ferbaas ik my dan wol wer oer. Se hawwe dan even gjin sores fan mobyltsjes en oare dingen. It is dan allegear oandacht en ik lit se sels ek fertelle. Ik fertel dy learlingen dan oer de ferskillende soarten fan ferhalen, wat in sage of leginde is en dan jou ik der foarbylden fan. Ek hjoeddeiske ferhalen dy’t der noch altyd binne. In modern ferhaal dat yn in auto op’e Wâldwei spilet. It hoecht net altyd oer de skippers en fiskers fan froeger te gean. Dan siz ik ‘jim kin sels ek wol fertelle, jim hawwe ek wol ferhalen genôch’. En dat blykt dan ek, ik jou se dan wol even in oansetsje,’een broodje Aap’mei de opdracht der in ferhaal fan te meitsjen.”

Taal is foar Mindert Wijnstra ôfgryslik’ belangryk. Foar him is dat it Frysk, mar at er bûten de provinsjegrinzen giet dan ek yn it Hollânsk.

“Ik fertel it leafst yn it Frysk, it is myn eigen taal dêr bin ik it meast yn thús. Yn byldenrykdom siz mar. Yn it Nederlânsk rinne de sinnen oars as yn it Frysk, ik moat folle skerper wêze at ik yn it Hollânsk fertel. In pear jier lyn ha’k in wike op Oerol stien en dêr ferhalen ferteld en dat die ik yn it Nederlânsk en ien ferhaal yn it Frysk. Doe krige ik in opmerking fan ien út it publyk: ‘Ik vond het heel mooi wat u deed, maar toen u Fries praatte, begon u te stralen en uw ogen te twinkelen’. Dy seach blykber by my it ferskil, sa ticht leit taal by my.”

Mindert Wijnstra fertelde yn it ferline wol tidens fytstochten en naam hij ek groepen mei te kuieren en die dan syn ferhalen. Troch sykte (‘Meagere Hein stâlde syn fyts by ús tsjin it stekje foarhûs…’) no twa en in heal jier lyn, docht Mindert de fytstochten net mear, mar giet hy noch wol te kuierjen en fertelt dan op lokaasje.

“Asto op lokaasje fertelst hast it hiele dekôr der al by, de bosk of de Iselmar en de greiden. Ik fertel dan dat op in bepaald stee in hûske stien hat of soks. Mar dy sfear, it rûzjen fan de beammen, it skolperjen fan it wetter, de loften en dêr in ferhaal delsette dat is it moaiste wat der is. Yn de Rysterbosk fertel ik in ferhaal oer kabouters dy’t der west hawwe en de spoaren dy’st der noch sjen kins omdat se der wakker oan it graven west hawwe. At ik nei dy gatten en bulten ta gean, dan sjoch ik de minsken út myn eachhoeken en ik wit dan wis dat se tinke dat it echt is. Ik leau it trouwens ek hear! Dat is de essinsje fan it ferhalen fertellen, sels yn dyn ferhalen leauwe! At ik dan oer de Ierdmantsje fan Gaasterlân ferteld ha en ik fyts dan wer nei hûs dan tink ik wolris, wat hast se ek wer wat wiis makke. Mar at ik der net yn leau, dan komt it ek net leauweardich oer!”