dagboek > overzicht
Dagboek júly 2021Bekiek hele maand 
 
14 júly om 19:07
 
Johan Veenstra is un baas





At ik een alle súkses fan'e skriëversweareld gun, dan is ut Johan Veenstra wel. Hij het dit jaar anders nyt te klagen, en dat doët y ok seker nyt. Fanmiddach ontfong Johan de Rink van der Velde priis. De Omrop was der bij en notearde ut fňlgende op har site:

Trije kear is skippersrjocht: Johan Veenstra krijt dochs belangrike boekepriis

Skriuwer Johan Veenstra (74) fan Nijeholtpea hat no dochs de Rink van der Veldepriis krigen. Dat soe eins in jier lyn al, mar de útrikking is twa kear útsteld, fanwege it coronafirus.

Veenstra krijt de priis foar syn boek Vroeger is veurgoed veurbi'j. It is foar it earst dat de priis takend wurdt oan in boek dat yn in streektaal skreaun is. Veenstra skriuwt yn it Stellingwerfsk.

Om yn oanmerking te kommen foar de priis, dy't alle twa jierren útrikt wurdt, moat in boek skreaun wurde yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen, moat it oanslute by it wurk fan Rink van der Velde en moat it in breed lęzerspublyk oansprekke. Dat docht Veenstra dus, fynt de sjuery, dy't bestie út Joukje Aardema, Nynke Andringa en Koos Tiemersma.

Aktyf foar de Omrop en Ljouwerter

Veenstra droech seis jier lang hast alle wiken in ferhaal foar by Omrop Fryslân, űnder de namme Stellingwerver Stiekelstokkies. Hy skriuwt ek kollums foar de Ljouwerter Krante. Fan 2001 oant 2010 die er dat ek al. Veenstra is de opfolger fan Willem Schoorstra, dy't twa jier lyn de priis wűn. Twa jier dęrfoar gong de priis nei Anne Feddema.