dagboek > overzicht
Dagboek júly 2021Bekiek hele maand 
 
23 júly om 15:39
 
Elmar Kuiper wint foar sawol proaza as poëzy in Relypriis





Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dit jier foar de 67ste kear útskreaun, binne 97 ynstjoeringen ynkommen, 34 koarte ferhalen en 63 gedichten. De sjuery, besteande út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven, dy’t de ynstjoeringen anonym ta beoardieling krige, hat trije ferhalen en trije gedichten bekroand. Elmar Kuiper fan Jorwert, mar berne yn Snits, wűn in priis foar sawol it ferhaal In frjemde fűgel as it gedicht Ferlosboartsje.

Dęrneist waarden bekroand de ferhalen Crossroads fan Gerrit Hoekstra fan Winsum en Op frijersfuotten fan Bregtje Sijtsma út Aviemore (Skotlân) en de gedichten In healsliten aureoaltsje fan Fedde Dijkstra fan Ljouwert en It waad fan Sytse Jansma fan Harns. De prizen fan € 1000 elk wurde op sneon 2 oktober op it stedhűs te Ljouwert útrikt.