dagboek > overzicht
Dagboek júly 2021Bekiek hele maand 
 
28 júly om 15:51
 
Krekt ferskynd:bondel fan trije skűtsjeromans fan Hilda Talsma





Wyntrilogy is in bondel fan trije skűtsjeromans fol spanning, aventoer, humor en romantyk, dy’t de lęzer meinimt yn ’e wrâld fan de skűtsjesilerij en de simmer yn Fryslân

Oer it boek: Yn dizze trilogy binne trije skűtsjeromans fan Hilda Talsma bondele.

Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge húsdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har âlden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes, dy’t harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei-inoar syn skűtsjekasko klearmeitsje foar de IFKS-silerij en dęrmei by de earste trije einigje. Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie’s neamd, binne mei harren flotte Ljouwerter taal en prachtige útspraken fan it begjin ôf oan smaakmakkers yn dit boek.

Yn diel 2, Wyn fan de wierheid, sylt de famylje Kamstra foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. As se op ’e falreep sűnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna tsjinst dwaan as sintraal punt. Se moatte roeie mei de riemen dy’t se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden… yn mear as ien opsicht.

Yn diel 3, Wyn fan de winners sil de famylje Kamstra besykje om wer yn ’e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden en Johanna hat oare prioriteiten. De nije bemanningsleden út Frisum soargje, mei de Onnie’s, foar de nedige konsternaasje en sadwaande wurdt it wer in wike fol ferrassingen.

Dizze hearlike boeken fol spanning, aventoer, humor en romantyk, nimme de lęzer mei yn ’e wrâld fan de skűtsjesilerij en de simmer yn Fryslân.
Oer de skriuwster

Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy’t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begűn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dęrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysűndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skűtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal komme personaazjes út al dy romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen űnder it będ en yn 2021 skreau se it boekewikegeskink Lockdownleafde. Yn har boeken steane de minske en de leafde yn al syn foarmen sintraal.

Wyntrilogy | Hilda Talsma | tal siden: 492 | ISBN: 978-94-6365-356-5 | priis: € 24,50