dagboek > overzicht
Dagboek ňktober 2022Bekiek hele maand 
 
6 ňktober om 16:26
 
Stylfol ouskeid fan Jan Pier Eringa (1939-2022)





Fanmiddach in un folle Oasterkerk de herdenkingsdiënst fan Jan Pier Eringa, dy’t 28 september overleed, bijwoand. Foar disse diënst past mar 1 woard: Stylfol!

An’e roukaart, moai fňrmaat met prachtege foto fan Jan was al ou te lezen dat der andacht an besteed was. Jan wist dat syn einde in dit ondermaanse naderde en had disse ouskeiddiënst perfekt regiseard. Dat ut was in dy sin dan ok gyn ferrassing dat der un soad múzyk was. Múzyk fan syn eigen DEBASIC. Prachtech! Indrukwekkend ut songen’Hallelujah’ deur Anne van Arem-Visser tegare met Maaike Kampen.

Al even bysňnder de ‘herinneringen’ fan Jan syn maat, Wijtze de Boer. Kňrtom en nňch us stylfol.

Bij ut útdragen (gelukkech letterlek en nyt op un karke!) klonk ut ‘Erbarme Dich’ en lúden de klokken.

R.I.P. Jan Pier! Hew goeie herinnerings an dij en sal dyn telefoantsjes misse. Un echte Sneker is nyt mear, de herinnering bliëft