|
|
14 ňktober om 17:19 |
|
Snits krijt nij joadsk monumint: "Waardig en respectvol"
Snits krijt in nije Joadsk monumint yn de binnenstęd. It hjoeddeistige monumint oan de Wijde Burgstrjitte is in stien yn de foarm fan in davidstjer, mar dy wurdt net sjoen as in tinkstien: der wurde fytsen tsjinoan set en it wurdt brűkt as in bankje om by it winkeljen op te sitten.
Dit kin net langer, sa tochten de trije inisjatyfnimmers Marcel Wallage, Matthijs Graafland en Henk van der Veer. It monumint moat ferfongen wurde, mar bliuwt op it plak dęr't oait in synagoge stien hat.
"Het moet waardig en respectvol zijn en door iedereen in de Sneker gemeenschap gedragen worden", seit Graafland, Dęrom wurde űndernimmers en ynstânsjes frege om by te dragen yn de kosten. It nije monumint, dat op 9 novimber presintearre wurde sil, kostet 35.000 euro.
It monumint yn de foarm fan in davidstjer waard yn 1972 pleatst yn it trottoir. Tolve jier letter waard de stjer op in sokkel pleatst. De Joadske mienskip liet doe witte der wiis mei te węzen. "Wij vinden de verandering van de herdenkingssteen erg mooi geworden. Nu staan de mensen erbij stil in plaats van er overheen te lopen." Dat wie doe. No wit hast net ien dat it monumint der is en wat it betsjut. "Met het nieuwe monument moet dat veranderen." It monumint sil 'De Verdwenen Gemeenschap' hjitte.
Joadske mienskip yn Snits
De Joadske mienskip űntstie om 1700 hinne en wie lyts. Op syn hichtepunt, om 1900 hinne, wennen 140 joaden yn Snits. Se gienen nei de synagoge oan de Wijde Burgstrjitte dy't yn 1836 ynwijd waard.
Krekt foar it útbrekken fan de oarloch wienen der noch 70 joaden fan wa't de measten yn de kampen fermoarde waarden. Fan de synagoge bleau net folle oer: hy waard troch de NSB'ers en Dútske soldaten yn novimber 1944 fernield. It gebou is yn 1949 ôfbrutsen.
No hat de Snitser Joadske mienskip noch sa'n 30 leden.
Auke Zeldenrust, Omrop Fryslân
|
|