dagboek > overzicht
Dagboek augustus 2023Bekiek hele maand 
 
13 augustus om 18:39
 
Aggie van der Meer 1927-2023





Fandaach komt ut (overlijdens)nieuws fan Aggie van der Meer út Bňlsert. Un bysňndere fogel in’e Frysk literęre Hof fan Heden. Lees mar even wat Omrop Fryslân over har skriëft, in ut IM:

“Skriuwster en Gysbert Japicxpriiswinner Aggie van der Meer ferstoarn

Skriuwster Aggie van der Meer is sneon ferstoarn. Sy is 95 jier wurden. Van der Meer skreau in hânfol poëzybondels en mear as tsien romans en novellen. Yn 2019 krige sy de Gysbert Japicxpriis foar har folsleine wurk.

Aggie van der Meer waard op 2 septimber 1927 yn Boalsert berne en bleau dy stęd har hiele libben trou. Sy brocht dęr har bernejierren troch, siet dęr op skoalle en is der ek troud.

Sy wie jierren aktyf foar de Vredesbeweging en skreau foar dy beweging ek artikels. Yn 1964 publisearre útjouwerij Osinga yn Boalsert in berneboek fan Aggie van der Meer mei de titel De Kamiel fan Omke Romke.

Op lettere leeftiid lei sy har ta op literęr proaza en op poëzy.

Se wie it meast aktyf yn de earste tsien oant tolve jier fan de 21e iuw. Sy wie doe dus al yn de santich. "Us jongste soan kaam ris thús en sei: 'Ik keapje moarn in kompjűter foar dy'. Hy sei, dat dat te gek wurde soe. Ik fűn dat allegear net nedich, mar hy die it. Fan dy dei ôf bin ik der efter sitten gongen en haw ik der nea wer wei west."

Har produktiviteit gie dęrnei behoarlik omheech. Tusken 2000 en 2012 skreau se fiif poëzybondels en sân boeken mei literęr proaza, likegoed romans as novellen. Dęrnjonken makke sy yn dyselde perioade noch fiif stikken foar toaniel.

Yn 2011 waard sy foar De Oerfeart nominearre foar de Piter Jellespriis, dy't sy ek wűn.

Yn it boek De Achttjin (2016) wurdt it libben beskreaun fan de Joad Ferenc Hacha dat yn 1925 begűn yn Dresden, Dútslan. Sintraal yn it boek stiet de situaasje yn Tsjecho-Slowakije nei de selsferbaarning fan Jan Palach. Dy kaam ta syn died neidat Moskou yn augustus 1968 mei geweld in ein makke hie oan de saneamde 'Praachske Maitiid'.

It boek waard yn 2019 nominearre foar de Gysbert Japicxpriis. Aggie van der Meer krige dy priis ek op 25 septimber fan dat jier, mar foar har folsleine wurk.

Sels sei sy dęroer: "Ja, węrom krijt de iene wol in priis en de oare net? Ik wit it net, mar ik bin der wol hiel bliid mei, benammen omdat it de earste echte Boalserter is dy't de priis krijt. Gysbert Japicx hat ek hjir yn Boalsert wenne fansels. En ik bin in frou, dat is ek wol moai. Dus ja, ik fiel in soad blydskip."


Nij wurk ferskynde dęrnei, dit wie yn 2019, net mear.”

Tňt sufer ut Omrop Fryslân IM.

Wat had ik met Aggie van der Meer?

Op een ňf andere manier hewwe Aggie en ik mar spoaradys kontakt had. Nou 3 en un half jaar leden, op 23 jannewary 2020, was ik bij de presentasy fan Aggie har ‘Tsjűgen fan de macht’. Dat gebeurde in Theater Sneek. Stella van Gent, nam dy dach ouskeid as wethouwer fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Gedwongen deur toedoën fan un kollega wethouwer…(‘don’t call his name’!) dy’t nyt hewwe kon dat Stella nyt foar um búge wú. Mar dęrover gaat ut hier nou nyt.

Aggie van der Meer overhandegde ut earste eksemplaar fan ‘Tsjűgen fan de macht’ an Stella van Gent. Aggie had Stella hooch sitten en omgekeard was ok ut gefal. Ik hew toen fňlgens mij foar ut earst ‘face to face’ kontakt met Aggie van der Meer had. Oans foertaal was stads, Aggie in ut Bňlserters, ik brúkte ut Snekers. (Siën op myn dachboek fan 23 jannewary 2023 foar Aggie har toespraakje.)

Dęrfoar hadden we wel us su nou en dan telefoanys en mailkontakt. Ferder kwam ut nyt. Su gaan dy dingen. Eigenlek besef ik mij fandaach dat Aggie un foarbeeld foar mij weze kan. Sij, dy’t as 70+ pas goëd begint te públisearen.

En dat geeft mij in disse dagen, nou’t der in kňrte tiid sufeul bekenden en frynden fan mij naar de andere kant fertrokken binne wear un bitsje moëd.

Kom op, der plat foar. Ut leven leit ok in ’e nasomer nňch foar dij!

Ja Aggie! JAAAA!