dagboek > overzicht
Dagboek september 2024Bekiek hele maand 
 
16 september om 08:36
 
Kollum Omrop Fryslân, 16 september





Lekker drome

Dat had ik mij pak’um beet, 25 jaar leden nyt indenke kannen. Sundachmòrren de wekkerradio op 06.45 uur sette. Ik bin trouwens gyn útslaper, ut alouwe Carpe Diem het an mij un súppòrter.

De tickets in hús foar Het Zondagochtend Concert in ut Concertgebouw fan Amsterdam. Achterou besiën denk ik dan: Had ik ut mar us earder deen. Allienech ut monumentale Concertgebouw het al wat. Met de bou wurddde in 1883 begonnen in un feenweidegebiet dat toen nòch krekt búten de stadsgrênzen fan Amsterdan lach. As fundearing wurdden der 2186 heipalen fan 12 tòt 13 meter lengte tòt op ’e saanboaiem slagen.

At je dêr over de drempel stappe wane je je in un andere weareld. Nòch altyd un soad lui dy’t an ’e bútenkant op menearen en mefrouwen like. Ferder nyt sufeul mis met. Ik kon my gewoan myself bliëve. Trouwens de dresskoade is ok frij dúdelek: Der is gyn dresskoade, trek an wêr’stou dy nòflek in foëlst. Ik had un moai wit elastys broekje met bijpassend blau bloeske in travelstò andeen.

Ut Residentie Orkest út Den Haag speulde dy sundachmòrren tussen 11 en 12 uur in ’e groate saal. En ik sat op un roadplúsen stoëltsje op rij 3, ik foëlde mij dêr wel joppech.

De òrkestleden fan ut Residentie Orkest kanne stuk foar stuk un aardech poepke speule, dat had ik as múzikale leek al rap in’e gaten. Ik sal hier nyt de snob úthange, want myn múzykkennis en múzukkappesiteiten binne nyt groater as un paar jaar blòkfluitles fan ‘menear Hofman’ op saterdachmòrren op’e Rehoboth Ulo en Hindrik van der Meer, op ’e Him de Pedagogische Akademy fan Sneek.

Wat ik wel sach was un beflogen sjef-dirigent fan ut Residentie Orkest. Anja Bihlmaier. Wat un powerfrou stond dêr dy mòrren op’e bok foar ut òrkest te hippen. Sònder dirigentstòkje. Alles met ’e hannen dirigeare. Ut triggerde mij an alle kanten, disse frou in un swarte jumpsuite met dêronder de silverkleurege hak-blòk-skoëntsjes.

En dan Selliste Anastasia Kobekina dy’t my dêr tòch stond te striken op har Stradivarius út 1698 asòf se song: ‘Expressief in het kwadraat, mar zonder sentiment’, fòlgens un kenner. Ik knikte bloëdserieus.

Ik foëlde my simpelwech gelukkech in ut Concertgebouw fan Amsterdam. Oulopen nacht droomde ik fan Anja & firtuoase Anastastia dy’t de 19de eeuwse Pjotr Tsjaikovski tòt leven brochten.
Toen ik wakker wurdde hat ik ut swit op ’e kòp staan. Su moai, su ferskrikkelek moai.


Te belústeren op:
https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/16832906/de-toan-fan-henk-van-der-veer-lekker-drome