dagboek > overzicht
Dagboek febrewary 2025Bekiek hele maand 
 
9 febrewary om 11:12
 
Kostlik boek fan Tjibbe Hooghiemstra & Douwe Kootstra: Fisk





De bokking better besjoen, in reuzesnoek út ’e Fryske Wâlden, in fabel fol űntefreden maitsen, in oade oan ’e dôber. It binne in pear foarbylden dy’t op lichtfuottige wize yn Fisk oan ’e oarder komme. Alles yn Fisk hat te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân.

Nei harren earste projekt – Stabij, in boek oer in hűn (twa Fryske drukken en in Nederlânse oersetting) – is Fisk it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn ’e ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket Fisk ta in hearlik lęs- en sjochboek.

Fisk | Tjibbe Hooghiemstra & Douwe Kootstra | ISBN 978 94 6471 273 5 | Hardcover | 96 siden | ferkeappriis € 17,90 | Utjowerij Bornmeer