dagboek > overzicht
Dagboek febrewary 2025Bekiek hele maand 
 
13 febrewary om 19:58
 
Skitterje en skűlje - Biografy Jacobus Quiryn Smink Jimladream, it libben fan in bipolęre dichter’, ferskenen





Fanmiddach ‘Skitterje en skűlje-Biografy Jacobus Q. Smink- Jimladream. It libben fan in bipolęre dicher’ ontfongen. De biografy over Jacobus is skreven deur Marian Hulshof. Omdat myn sicht nňch te beperkt is, sal ik ut boek pas fňlgende week leze kanne om ut dęrna te bespreken foar de Friesland Post.

Su as al earder op dit digitale dachboek skreef, had ik in ut ferleden wel kontakt met disse Frysktalege dichter.
Sterkernôch ik hew nňch briëven fan Jacobus lęgen. En in un paar bundels skreef hij un persoanleke opdracht foar mij. Ik bin heel benieuwd naar de inhoud fan disse biografy.
Hieronder de achterflaptekst fan ut boek dat útgeven is deur Elikser fan Jitske Kingma.

De dichter Jacobus Q. Smink (1954-2024) wie in markant persoan. Nei syn jeugd yn Sondel (Gaasterlân) en syn studintetiid yn Grins wenne er it grutste part fan syn libben yn Eindhoven, dęr’t er wurke as learaar Nederlânsk. Yn 2022 kaam er werom nei Sondel, dęr’t er de lęste twa jier fan syn libben trochbrocht.

Hy wie űnwjersteanber sjarmant, mar faak ek űnbrűksum. Syn bipolęre steurnis brocht ferslavings oan alkohol, nikotine en kannabis mei, węrtroch’t allerhanne problemen űntstienen. Dęr skreau er iepenhertige gedichten oer. Ek al wenne er yn Eindhoven, hy bleau dichtsjen yn syn memmetaal, it Frysk.
Jacobus Q. Smink en Marian Hulshof kenne mekoar fan harren stúdzjetiid yn Grins. Tsientallen jierren nei harren moeting frege er har in blomlęzing út syn gedichten te meitsjen en ynterviewde sy him oer syn literęre boarnen, froulju en ferslavings.

It resultaat is in biografy oer Jacobus Q. Smink, waans libben oanskôchlik makke wurdt mei in romme seleksje fan syn gedichten. Syn gedichten binne űnbedimme en humoristysk. It is dan ek net om ’e nocht dat er yn 2013 de Gysbert Japicxpriis krige, de wichtichste literęre priis fan Fryslân.

Formaat 170x240 mm
Aantal pagina's 271
Auteur Marian Hulshof en Jacobus Quiryn Smink


Biografie Marian Hulshof (1951) debutearre yn 1987 mei Leren interviewen, in hbű-metoade foar it profesjonele fraachpetear. Har earste biografy giet oer har mem: Ik wil meepraten (2022). Sy studearre Nederlânsk, Frânsk en Spaansk oan de Ryksuniversiteit Grins, foltôge de Kunstacademie Minerva yn Grins en studearre oan de Skriuwersfakskoalle. Neist skriuwster is sy keunstner. Sy makket kleurrike skilderijen mei ferve en tekstyl, en wurket út har atelier yn Ljouwert wei. www.marianhulshof.nl