dagboek > overzicht
Dagboek òktober 2007Bekiek hele maand 
 
25 òktober om 22:11
  Krekt wear thús út ut altyd gesellege Bòlsert. Fanmiddach bij de útreiking fan de Gysbert Japikspries 2007 weest. In un stienkouwe Broerekerk ( wat un bitsje ferstaan om su'n literêre happening onder Nova Zembla achtige omstannechheden plak fine te laten ! ) kreech skriëver Josse de Haan de belangrykste Friese literêre pries út hannen fan gedeputearde mr. drs. J.A. de Vries. Ut sjueryrapport, foarlezen deur Ernst Bruinsma ( sien ferderop ), was mear as foartreffelek, Fon ik teminsten! Eindelek krijt Josse de wurdearing foar syn werk! Na ut foarlezen fan ut sjueryrapport, de priesútreiking en dêrna un laudatio foarlezen deur Babs Gezelle Meerburg. Josse kreech as laaste ut woard. Dat dankwoard mach ik hier bij wize fan primeur plaatse:


GYSBERT JAPICX-tankwurd Josse de Haan

Boalsert/Hendaye, 25 oktober 2007

Maite Maitea, Achte Deputearre, Achte Boargemaster, bêste Famylje, freonen en goekunde- ik bin bliid dat jim der binne.

As it oer de Fryske letteren giet moatte jo net alles wat der sein en skreaun wurdt leauwe- fiksje en netfiksje rinne gauris troch inoar. Doe't Deputearre Frou Jannewietske de Vries my op 11 septimber skille wie myn earste reaksje dan ek: 'ja in moai ferhaal, mar ik ken jo net, elk kin wol skilje; is it echt wier?'( ik wie yn '69 ek ris skille dat wy as Operaesje Fers de priis krigen hiene, mar doe hâlden letter DS dat tsjin ).
Frou De Vries begûn te laitsjen- se werkende faaks dat se te krijen hie mei ( ik sitearje Pieter de Groot yn de LC ): 'in avantgardist, in surrealist en in hearlike dwersbongel dy't in folslein eigen plak ynnimmt yn de Fryske literatuer, en à priori it establishmint net fertrout'.
Mar alle gekheid op in stokje, se oerstjûge my. Doe't letter in hele aardige ambtner my skille - ek in frou - seach ik it belang fan de priis helendal. Ik murk de frisse reade wyn op it Provinsjehûs en op it Steatejacht dêr't de hear H. Mous nei in pear flessen drank al oer skreaun hie.

As jo in fjirtich jier meirinne yn it literatuerbedriuw dan hawwe jo net allinne in tsjûke hûd krigen mar ek dûbele glêzen op'e noas- oars hâlde jo it net út. Yn de roman Elja haw ik nei myn ûnderfiningen mei de provinsjale bestseller ' As de kâlde wolkenwyn jo troch de ieren giselet ' in reaksje opnommen dy't úteraard net lêzen is ( want men sliept al op de titelpagina, sjoch Farsk ), of ( men hat gjin trochsettingsfermogen, lês de LC ). Dêr stiet yn Elja op side 127: 'Lytsboargers ferfalskje de ynhâld fan romans, besykje skriuwers út de skiednis te skrassen. Se wolle romanpersoanen feroardielje ta de dea, mar dy bliuwe- by definysje- ivich libjen'. It giet oer Lady Chatterley en Madame Bovary, oer de skriuwers D.H. Lawrence en Gustave Flaubert dy't de fatsoensrakkers ophingje woene. Pieter de Groot freget him ôf yn syn Dwers fan 14 septimbe oft de Gysbert foar Josse in subtile wraak óp Jabik is. Earder hie Bilker al skreaun op Farsk oer De wraak fán Jabik Veenbaas. It is wier, Holleeder en konsorten binne hjirmei fergelike lytse jonges. De literatuermaffia bepaalt de gong fan saken. It Skriuwersboun soe dêrom in libbensfersekering foar skriuwers ôfslute moatte, ek persoanlike befeiligers oanstelle.
Dêrom:

Ik haw grut respekt foar de sjuery dy't it oandoarde en bekroan in skriuwer oer wa't nei PIKSJITTEN OP SNYP skreaun waard troch de literêre nomen klatoera, dat:

1. hy in miselearre Grass is;
2. op de bokser Mike Tyson liket;
3. de boarstfearren fan de elite opset hat;
4. noait in kwartsje wurde sil;
5. gjin technyk hat;
6. gearspanningsteoryen opbout;
7. noch mei in walm fan petroalje om him hinne rint.

Under tafersjoch soms ek fan de Provinsjale Oerheid wurde de skriuwer en syn wurk delmeand, wylst de kritisy yn it westen entûsjast binne oer de oersetting fan it boek - KIKKERJAREN. Oer de skriuwer sels prate se net, se ha it allinne oer 'de wrâld yn wurden'.

Dy 'wrâld yn wurden' giet, lykas heel wat literatuer, soms oer de jeugd fan in skriuwer, dêr't it komôf in wichtige rol spylje kin. It giet ek gauris oer identiteit, dêr't soms skriuwers yn diskusje geane mei de haadpersoan dy't se skepen hawwe, of mei harsels oer it boek dat se skriuwe. yn myn gefal is dat bard yn Piksjitten op Snyp, yn Feuilles Mortes en yn Elja. De skepping fan Gummykut- in film. Mar ek yn Nanette, de VanGoghroman, komt dat sykjen nei identiteit nei foaren. Yn myn Baskyske Brieven op Farsk haw ik oer it ûnderwerp 'komôf'skreaun- oer de roman Het Verzet fan Harmen Wind, en oer de roman La Place fan Annie Ernaux. Beide skriuwe mei passy. Ernaux hat sels yn 1991 in roman publisearre mei de titel Passion Simple. En wie de GJ-priis dit jier neffens in útjouwer net foaral passy? Oan dy Frânske skriuwster fiel ik my wol wat besibbe.
De Frânske skriuwster Anie Ernaux beskriuwt yn har romans de striid fan in arbeidersfamke ( frou ) dat ( dy't ) út har achtergrûn groeit meidat se op in stuit as dosinte oan in middelskoalle en letter oan de universiteit yn de wrâld fan de boergeoisy telâne komt, dêr't se har net rjocht thús fielt. De eigen ûnderfining fan Ernaux rint in part parallel oan de literêre wurklikheid, mar sij giet as skriuwster fierder as dy platte ( biografyske ) realiteit.

Se seit: 'Ik wol net allinne mar de wurklikheid beskriuwe yn har uterlike ferskining, mar yn har hele funksjonearjen. Im wol trochkringe yn it hoe en wêrom fan de wrâld dy't om ús hinne leit en dêr't wy midden yn sitte'( yntervieuws Le Monde, Libération ).
Soks fynt in kritikus fan Nouvel Observateur nonsens, want hy tinkt dat in skriuwer de realiteit neagearje moat, want werskeppe. Dy kritikus kreaket systematysk har boeken. Hy fynt dy boeken om fan te 'walgjen'. Mar hy seit út soarte net dat Ernaux de haadpersoan yn har boeken is, sa't Trotwaer yn novimber 2000 en oaren oer my bewearden. Yn Frankryk wit de krityk dat literatuer 'in wrâld yn wurden is'.
Ernaux hat prachtich skreaun oer it gefoel fan ferfrjemding en ûtwoarteling dat har hele libben in betiizjend selskip wêze sil, in boarne foar har skriuwen, meidat se La Place fan har âldelju ferlitte moast, de tún dêr't se mei har mem boarte. Albert Camus hat der yn syn lêste postúm publisearre roman Le premier homme ek oer skreaun.

As lêste wol ik jim in gedicht fan mysels foarlêze dat te krijen hat mei in fragmint, in brief, yn Feuilles Mortes, myn roman dêr't in Fryske dichteresse-kritika in nacht net fan sliepe koe, en in oare kritikus it hie oer 'kontrofersjele seksuele barrens'. As libben wy noch yn de 50-er jierren. It giet oer ien fan de 3 Anna's, oer in mem en in jonkje. Oer in jeugd, sis mar. It gedicht is publisearre yn it boek Gjin grinzen, de reis, in trijetalige bekroande útjefte fan Cepher yn 2004. Sa't har roman La Place foar Annie Ernaux heel wichtich is, sa is Feuilles Mortes foar my tige belangryk. It gedicht hyt:

Swalkje yn dyn tún

doe't ik lyts wie haw ik dy de ferhalen ferteld út myn boeken:
it swalkjen fan Gulliver, fan de Lytse Prins, en fan Robinson C
mar foaral dat fan de ridder Don Quichot en de dikke Sancho P
dy't har yn de ûneindige lutsen en rûnten hin en wer beweegden
troch de lege fjilden fan La Mancha mei in mole soms wat skiep
asto my yn dyn rûntsjes ommealdest en se yn de tún útsettest.

woes achter de bergen sjen, fierder, hast faker as ienkear sein
wenje, belibje en genietsje lykas al dy minsken yn myn stoarjes
want dêre kuieren se troch de hoarizon en fier achter de sinne
dy wrâld moast moaier wêze as al de paadsjes yn dyn appelhôf
se namen de fyts in sylboat in stoomtrein dy't de reinbôge socht
fieldesty de haadfiguer as ik dy stadich los liet yn de lêste strofe.

yn dyn flamingorôk woest dûnsje tusken it gûnzjen fan it reid
yn it súden fan dyn hiem mei de pioenen en de houten tulpen
mei de simmerhoed en dyn koarte kakybroekje keardesto it tij
troandest my nei dyn wetterfal yn jim heites houten waskmesjine
troch in labyrint fan bambûstokken dat dyn boartersstek útmakke
hearst it wetter streamen fregest, mar ik koe net yn dyn holle sjen.

in inkelde kear mei in moaie dei flijdesty tsjin in oper farsk hea
in lytse walhalla dêr't paden en lju elkoar krústen yn dyn nâle
ik moast op dyn bleate rêch de bergen tekenje mei myn finger
lytse doarpkes, de dellingen, skiep, de hynders en de klimmers
do gibelest as ik op dyn billen de Mont Blanc en Noir oanwiisde
dan liest my de rivieren sjen oan de binnenkant fan dyn skonken.

yn dy lustoarden fan geniet ha wy de wûnderlikste reizen makke
oant twiljocht de wurden wiske en de langsten in nachtbêd fûnen.


Ik tankje de sjuery foar de nijsgjirrige wurden oer myn wurk. Ik wol ek graach Deputearre Steaten tankje foar de takenning fan de priis, foaral ek foar de aardige wurden dy't Frou De Vries krekt útsprutsen hat.

As lêste soe ik graach de Deputearre fan Kultuer yn oerwaging jaan wolle in nije stratezjy te kiezen foar de promoasje fan de Fryske Literatuer, foaral dat fan it proaza- yn binnen- en bûtenlân.

Skep in nij belied oangeande oersettings yn de moderne talen fan Europa ( ynklusyf it Nederlânsk ), analooch oan it Nederlânsk Produksjefûns. In buro mei jonge en entûsjaste minsken dy't fan literatuer en skriuwers hâlde kin ferbiningen lizze mei útjouwers yn it bûtenlân. Sa'n buro kin oer de nostalzjy en de myte hinne springe, en de literêre befoarderingspoat fan Tresoar ferfange. Yn Fryslân bliuwe de kroaden wol riden, Europa kin neat mei dy metafoar, Europa wol proefoersettings fan modern Frysk proaza. De jongere generaasjes skriuwers en lêzers hawwe nije ferfiermiddels nedich.

Tige tank foar jom oandacht, Josse


Sjuerraport Gysbert Japiksspries 2007:

Rapport fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2007

‘De mins wurdt mins troch taal, bestiet dêr yn en troch, en meidat literêre wurken yn haadsaak oer minsken geane is de wize fan skriuwen en it eventuele ‘oare’ gebrûk fan de taal essinsjeel. Sûnder eksperiminten mei de taal (en dus de foarm) ûntstiet gjin nij en orizjineel keunstwurk’. Sa hat Josse de Haan syn skriuwerskip sels omskreaun. Wannear’t men syn oeuvre − mear as 25 boeken − en syn literêre aktiviteiten fan de lêste fjirtich jier oereidet, dan is dy opfetting oeral yn it wurk fan Josse de Haan werom te finen. Hy debutearre yn 1971 mei de bondel Spegelbyld by de Koperative Utjouwerij, in útjouwerij dy’t in jier earder mei troch him oprjochte wie, út ûnfrede oer de publikaasjemooglikheden foar skriuwers. Mar earder al, ûnder oaren as ien fan de oprjochters fan Operaesje Fers en hiel koart as redakteur fan quatrebras, wie De Haan warber yn de (jonge) Fryske literêre rûnten fan dy tiid. Yn de jierren santich waard De Haan redakteur fan Trotwaer en yn de jierren njoggentich fan it ienmanstydskrift iP2r90-Rendez Vous (1990-1994). De Haan hat altyd gedichten én romans skreaun, mar rjochte him de lêste tsien jier fral op it proaza (romans en essays). It is benammen dat proaza dat de oandacht lutsen hat fan de advyskommisje.

Literatuer giet faak oer ferwachtingspatroanen by de lêzer. Foar in part moatte dy befestige wurde, foar in part moatte dy ek trochbrutsen wurde, wol dy lêzer teminsten fassinearre en ynteressearre bliuwe. Problematysk wurdt it pas as in skriuwer tefolle ôfwykt fan de noarm, de koades dy’t yn in lân, in taal jilde foar literatuer. De measte lêzers sille dan ôfheakje. Tradisjoneel sjoen siket in lêzer oarder, rede, rigels, perfeksje en harmony. Dêr tsjinoer stiet it ûnridlike, it ûnregelmjittige, it gaoatyske, it net harmonieuze, om net te sizzen it groteske. Dan is sprake fan in tsjintradysje dy’t al begjint by skriuwers lykas Rabelais en Montaigne.

Oer syn debút Forneukte stêd skreau Piter Terpstra doetiids yn de krante it folgjende: ‘Van Josse de Haan zou ik graag zien dat hij zich minder opzettelijk zou distantiëren van de lezers, want bij elke bewondering voor het “eens anders willen doen” blijft toch het feit bestaan dat elk boek een paar lezers nodig heeft’. It is in opmerking dy’t De Haan dêrnei yn allerhanne fariaasjes faker lêzen hat, want syn wurk koe eins altyd wol rekkenje op in resinsint dy’t ree wie om melding te meitsjen fan syn ôfgrizen fan sok proaza. As soe men Lucebert syn gebrekkige rymskema’s ferwite, of Willem De Kooning in tekoart oan ‘ferhaal’ yn syn skilderijen ûnder de noas wriuwe. De problematyske resepsje fan it wurk fan De Haan is trouwens net wêzenlik oars as dy fan skriuwers lykas Jacq Vogelaar, Sybren Polet, Bert Schierbeek, Ivo Michiels en oaren. Ditsoarte fan skriuwers is hiel faak misbegrepen binne omdat ‘men’ – de kritisy - net wist hoe't men de boeken lêze moast. De opkomst fan in generaasje kritisy dy’t grutbrocht is mei de prinsipes fan Merlyn hat de situaasje foar de generaasje Vijftig hiel wat nofliker makke, it tydskrift Raster hat foar de proazaskriuwers dy’t yn de jierren sechstich opkamen in soad dien. Yn Fryslân hat de strukturalistyske streaming yn de literêre krityk benammen yn Hjir yn de jierren santich goed fertsjintwurdige west, mar dat hat foar De Haan blykber net genôch fertuten dien, syn wurk is oant de dei fan hjoed kontroversjeel. Fryske skriuwers hawwe nei Lolle Nauta en Anne Wadman net altyd de kritisy krigen dy’t se fertsjinje.
Sybren Polet skreau oer de pendelbeweging dy’t blykber sit yn de wurdearring foar ‘oar proaza’: ‘overal waar leven in de brouwerij is heerst een dynamiek van beweging en tegenbeweging; canonisering en conservering roepen deconstruering en vernieuwing op, conventie werkt toe naar de ontbinding ervan; gebondenheid aan de realiteit of wat voor realiteit doorgaat tendeert niet zelden naar anti-realisme of bewustzijnsrealisme, gebondenheid doet verlangen naar vrijheid, vaste vormen roepen tegenvormen op’.
Yn de tuskentiid is de wurdearring foar realistyske literatuer, 'plotgedreven' literatuer wer hiel belangryk wurden en wurdt wurk as dat fan De Haan wer mei deselde befrjemding beskôge as troch de niisneamde kritsy út de begjintiid fan syn skriuwerskip. Men siket nei werkenbere saken, wol hâldfêst hawwe oan in boek, siket personaazjes en situaasjes om jin mei te identifisearjen.
Wy libje yn in tiid fan neokonservatisme, ek yn de keunst, weryn't minsken oer it generaal it stjoer wat kwyt binne en dan is der faak in beweging te sjen fan de krityske, eksperimintele literatuer ôf en nimt de belangstelling foar autobiografyen, egodokuminten, skiednis en fijne ferhalefertellers wer ta. It giet úteinlik om in frijwat romantysk ferlangen nei heldere struktueren en derfan binne ek yn de Fryske literatuer genôch foarbylden te finen.

Eksperimintele keunst, mar yn it gefal fan De Haan is it nei alle gedachten better om te sprekken fan ‘groteske keunst’, is meastentiids raar, stjit minsken ôf, is leech by de grûn, hâld skientme resolút bûten de doar en is ek wolris moreel ferwerplik. Yn de boeken fan De Haan giet it dan om prostitúsje, rare dingen mei bisten, ynsest, drankmisbrûk, ensfh. Dat Josse de Haan syn boeken om dy redenen yn de marzje drukt binne, bytiden negearre of ôfwiisd, hat fral te krijen mei dyselde klassike, dus estetyske opfetting fan literatuer en keunst dy’t hast sûnder mankearen wol yn botsing komme móát mei sokke literêre produkten. Mar ditsoarte fan boeken komt better ta syn rjocht at jo se krekt net lêze as in ûntkenning fan Skjintme, fan it Goede, mar as in besykjen om it masker fan de wurklikheid ôf te skuorren en it gesicht bleat te lizzen fan it konkrete bestean dat de tsjinpoal is fan de myte dy’t as smûk, skaadzjend beamtegrien oer dyselde wurklikheid hinne teard is.

Yn dizze tradysje stiet Josse de Haan en ûnderskiedend foar dizze groep skriuwers is dat se harren hiel bewust binne fan dy tradysje en der ek faak oer skriuwe. Yn de essaybondel Kastanjes poffe, út 2005, bondele Josse de Haan syn meast nijsgjirrige bydragen oer ‘oare literatuer’, oer ‘literatuer bûten de stringen’ sa’t hy it sels neamd. Ik sitearje út de ynlieding fan dit boek (side 7): ‘Foar my hawwe ferhaaltsjes noait ynteressant west [...] Ik haw in foarkar foar it oare, it eksperimintele, it avantgardistyske, it absurde, it kreative en it ferfrjemdzjende proaza (c.q. poëzy), omdat dêre de skriuwer himsels, de wrâld, de taal en it wurk yn diskusje bringt [...]’. Foar syn ideeën is de surrealististyske en groteske De Haan fansels beynfloede troch de histoaryske-avantgarde, de grutte surrealisten, mar nei alle gedachten ek troch nei-oarlochske skriuwers lykas Bert Schierbeek en Louis Paul Boon. De lêste syn kredo, ‘ook de afbreker bouwt op’, komt frij fertaald ek werom yn de ynlieding fan Kastanjes poffe, as De Haan skriuwt: ‘Keunst moat soms earst foarmen ferneatigje foardat der wat nijs kreëarre wurde kin’.

Benammen as romanskriuwer hat De Haan in wichtige bydrage levere oan de fernijing fan de Fryske literatuer troch – faak fleurich en boartsjendewei, mar ek synysk, fûl, duvelsk en uterst kritysk en polemysk – hieltyd wer oandacht te freegjen foar nije foarmen fan literatuer, dêr’t harmony en disharmony, it groteske, it surrealisme en ferskate kollaazje-eftige techniken in strukturearjende rol by spylje. De ferneatigjende, mar ek ynspirearjende wurking fan erotyk en leafde stiet faak sintraal yn syn tige fragmintearre boeken, dy’t lykwols net gaotysk binne, mar hecht fan konstruksje. Kom by De Haan net oan mei in rjochtwei-sljochtwei ferteld ferhaal. De Haan kreëaret troch te knippen en te plakken, troch nije ferbiningen te lizzen. Derby nimme it sykjen, it boartsjen en it ferfoarmjen fan begripen lykas ‘identiteit’, ‘herinnering’ en ‘realiteit’ in sintraal plak yn.

De grutte trochbraak foar De Haan kaam mei Piksjitten op snyp (1999) dat yn 2001 yn it Nederlânsk by Meulenhoff ferskynde, ûnder de titel Kikkerjaren. Dizze grutte, mearlagige roman hat befrijend wurke foar de skriuwer. Hjir hie er einlik de foarm ûntdutsen dêr’t hy yn eardere, folle flakkere romans min-ofte-mear fergees om socht hie. De techniken dy’t hy yn eardere romans al brûkte mar dy’t oant dan net altyd oertsjûgje koenen − ik neam it loslitten fan de gronology, it fragmintaryske, it taalspul, de yntertekstualiteit, it loslitten fan psychologyske ferklearringsskema’s, it werombringen fan alles wat idealistysk of ferheven is ta it lege, lichaamlike, en fierder it ferfoarmjen, it fermengen en it ferfrjemdzjen −, komme yn Piksjitten op snyp foar it earst yn al syn hear en fear nei foaren.

Sûnt dy tiid hat De Haan de iene nei de oare nijsgjirrige roman útbrocht, as hie er sûnt 1999 de keatlings om syn hannen losslein. Hieltyd op ‘e nij wer boartsjend en eksperimintearjend mei nije foarmen ferskynden yn 2003 Nanette, yn 2004 Feuilles mortes en ferline jier Elja. Dizze romans binne minder grotesk as Piksjitten op snyp, mar net minder eksperiminteel. Yn Kastanjes Poffe neamt De Haan in tal aspekten dy’t neffens him foar ‘oare literatuer’ jilde. Ien is dat it skriuwen sels en de taal wichtich binne. Dat aspekt komt bot oan de oarder yn Piksjitten op Snyp, mar spilet yn Nanette en Feuiles mortes wat minder in rol. Yn Elja is fansels it meitsjen fan in film, it wurkjen oan in skript, ien fan de wichtichste ferhaallinen út it boek.
In oar aspekt dat de Haan yn Kastanjes poffe neamt is dat der yn ‘oare literatuer’ sprake is fan ferskillende tiden dy’t troch inoar rinne. Yn Nanette is der sprake fan, omdat de syktocht nei de ferbeane leafde fan Vincent van Gogh spegele wurdt yn it ferhaal fan de twa minsken dy’t safolle jierren letter it riedsel oplosse wolle. Ek yn Feuilles Mortes wurdt in spultsje spile mei de tiid en is der sprake fan trije ferskillende syktochten nei de ultime leafde foar in sekere Anna, mar hokker Anna en yn hokker tiid, dat is lang net altyd dúdlik.
In tredde punt dat de Haan oanhellet yn ferbân mei de ‘oare literatuer’ hat te krijen mei fêste struktueren. Neffens De Haan is ‘oar proaza’ it omkearde fan bygelyks detektives dy’t folslein temjitte komme oan de ferwachtings en winsken fan de lêzer: ‘Dêr falle alle stikken yn de lêste siden yn in moai ramt en is de puzel oplost’. Is de roman Nanette noch aardich nei te kommen, benammen yn Elja rinne it ferhaal oer in film, de film sels en tal fan al dan net bewurke sitaten fan âldere Frânske skriuwers lykas Sagan, Aragon en Camus aardich trochelkoar. Mar it moaiste foarbyld is dochs Feuilles mortes dat eins fierder giet mei in prinsipe dat Louis Paul Boon al útprobearre hat yn Menuet. Yn dat boek wurdt in trijehoeksferhâlding troch de trije protagonisten apart fan elkoar behannele. De Haan besiket yn Feuilles mortes eins ien situaasje − in man dy’t syn mem ferlern hat en syn âlde leafde Anna weromfine wol − fanút trije ferskillende perspektiven te besprekken. Mar is it wol ien ferhaal, of binne it eins trije ferskillende ferhalen, dêr komme jo as lêzer hast net goed achter. De karrûsel fan trije perspektiven, it dûzelt de lêzer bytiden, wekt oan de iene kant herkenning yn de hân, jo tinke dan dat jo in finger achter it ferhaal krije kinne, mar wurket op oare mominten like hurd ek wer ferfrjemdzjend.
It idee dat − op in hast lichamelike wize − by de lêzer oerbrocht wurdt is dat fan de allerferskuorrendste leechte en iensumens. Neist de leafde en fral néí de leafde bestiet allinnich mar it grutte ûneindige neat. It lân fan minsken dy’t – yn de wurden fan De Haan sels – tefolle earmkes mist hawwe yn harren libben. Dy ferskuorrende, ûnmooglike leafde spilet benammen ek yn Nanette in haadrol. Geandewei liket yn dizze roman it riedsel fan de ferbeane leafde fan Van Gogh folslein oplost te wurden en lykje de man en frou dy’t de speurtocht ûndernaam hawwe ek byelkoar te kommen, mar dy yndruk ferrifelt. Uteinlik bliuwe jo as lêzer mei de hannen fol fragen sitten en witte jo net echt wat der krekt bard is en of se elkoar oan it slot no krije of net.
Dêrmei kom ik op it lêste punt dat De Haan neamt yn syn oersjoch fan skaaimerken fan ‘oar proaza’. Dizze boeken litte neffens him sjen dat it ferlet fan lêzers oan harmony en de langst nei nostalgy en it mystike, basearre is op yllúzjes. De Haan is perfoarst net allinnich yn it surrealisme ynteressearre as keunstideaal, mar fral ek omdat it him de mooglikheid jout om oars nei de dingen te sjen, om de wurklikheid op in oare wize te ûndersykjen. Want dé realiteit bestiet fansels net, of yn de wurden fan De Haan: ‘Keunst hat [...] mei ûnderskate realiteiten te krijen omdat it te krijen hat mei minsken dy’t net gelyksoartich binne’. Yn Piksjitten op Snyp hat De Haan dat ûnder oaren sjen litten troch twa skriuwers oan it wurd te litten en nostalgyske oantinkens oan syn bertedoarp út de wei te gean, yn Feuilles Mortes en Elja wurde ek ferskillende realiteiten trochelkoar hinne ferteld. Dertroch ûntstiet in oar ferhaal, wurdt in oare realiteit fielber makke, oproppen yn de holle fan de lêzer.

Trije jier Frysk proaza, it gie om mear as hûndert boeken, en dochs foel de rispinge ús net altyd mei. In soad, te folle, boeken binne hiel lêsber, mar skeuke wat ynhâld en skriuwstyl oanbelanget te bot oan tsjin de âlderwetske streekroman. Mei in goeie streekroman is neat mis, mar de Gysbert Japicxpriis is dochs bedoeld foar in boek (of in oeuvre) dat ûndûbelsinnich literêre kwaliteiten hat, ferrassende ynfalshoeken kiest, en mei in útsprutsen gefoel foar taal skreaun is. It giet derom de lêzers te prikeljen.
De Fryske boeken dy’t der útkypje binne neat minder as it proaza fan de Nederlânske of Flaamske literatuer, mar de basis is neffens ús oan de smelle kant. Oars as yn de poëzy slaan de âldere skriuwers by it proaza noch altyd foar master op en fral de alderâldsten ûnder harren hawwe yn positive sin de oandacht fan de advyskommisje lutsen.

De ôfrûne jierren hat Josse de Haan in tal hiel nijsgjirrige romans publisearre en boppedat in belangrike essaybondel. Dermei lit hy sjen dat hy nei syn masterwurk Piksjitten op snyp de stiigjende line te pakken hat. Om dy reden, én foar al syn krewearjen as essayist en as útjouwer foar de oare literatuer, de literatuer ‘bûten de stringen’ yn syn eigen wurden, krijt Josse de Haan de Gysbert Japicxpriis 2007.

Tankewol.

De advyskommisje,

Aukje Holtrop
Willy van der Meer
Ernst Bruinsma, foarsitter

Amsterdam-Jorwert-Grou, oktober 2007

Ernst en Josse groate dank foar ut beskikber stellen fan jim toespraken. Ut leit fast!





Josse de Haan ontfangt de GJ-pries út hannen fan geduputearde De Vries





De adfyskommisy GJ-pries 2007





Hayo Bootsma interviewt Josse de Haan foar Omrop Fryslân Radio. Maite stiet der by.





Josse & Maite onderwech naar ut GJ-hús





Josse het syn naam op de hanebalken fan ut GJ-hús setten





De GJ-pries in konkreto





Josse met Janneke





Trinus Riemersma deelt kadoatsjes út an Arjan Hut





Cor van der Wal ( ik tip hem as un folgende winner fan de GJ-pries ! ) krijt ok un boekje fan Trinus





Hessel van der Wal fertelt over Josse





Ok un GJ-priis winner: Steven H. P. de Jong





Willem Tjerkstra ok al us GJ-laureaat





Josse tegare met Pieter Boersma





Reinder Rienk van der Leest