dagboek > overzicht
Dagboek augustus 2008Bekiek hele maand 
 
29 augustus om 17:04
 
Onder skriëvers





In Kollum ferstaan se ut Snekers út de Spoetnikbundel goëd!

Gisteravend al wear un moaie Boekejűn had. Diskear in Kollum ( wat un kleare end riden! )in de bibleteek dęr. Tineke de Jager het haar debút maakt met ' Goedfrou foar it libben ' en ik mocht har interviewe. Moai om te sien en te horen hoe entűsiast Tineke over har boek fertelde. Dat skriëven ferslavend is wurdde gisteravend wear us dúdelek. De débútante is druk doënde met har tweede roman. Węr dy roman over gaan sú, wú Tineke de Jager nňch nyt kwyt. Ferder mocht ik har alles frage. En dat hew ik dan ok mar deen, ut swit ston har súver op ut foarhoofd. Frederike & Corine fersňrgden ok in Kollum de múzyk. En de Kollumer katten had der gyn enkel probleem met dat ik fersen in Snekers foarlas. In teugendeel self!





Tineke de Jager had gisteravend ok un nofleke Boekejűn!

Sjoerd Vriesema





Wat un héél soad Snekers ( nňch ) nyt andurve, dat deed Sjoerd Vriesema, Pingjummer fan geboarte, fanmiddach wel: un toespraak in ut Snekers houwe. Nou fyn ik suks nyt mear as logys bij un presetasy fan un fotoboek + tekst over Sneek. Mar tňch! Vriesema boad ut earste ekemplaar fan ' Een kuierke door Sneek, 1950 - 1980 ' an direkteur Meindert Seffinga fan ut Fries Scheepvaartmuseum an. Un soad foto's dy't in ut boek opnommen binne komme út de rike kolleksy fan ut Skeepfaartmuseum. Fandęr ut earste eksemplaar foar Seffinga. De Frysktalige direkteur deed syn dankwoard in ut Hollaans. Ik sal de laaste weze dy't teugen un andere sęge sal wat foar taal hij spreke mut. Suks werkt meastal anty-gefoëlens foar befoarbeld ut brűken fan ut Frysk op. Ok hier: mar tňch!
Earder, in 2002, kwam fan Sjoerd Vriesema ut boek Focus op Sneek al út. Syn útgever, Aprilis bv út Saltbommel, fon ut tiid foar un nij deeltsje in de seary ' Uijt hoven, dorpen en steden '. En Sjoerd het der wat moais fan maakt. De nostalgy drupt fan de bladsiden met swart-wit foto's ou. Un absolúte must foar alle Snekers dy't in dy jaren groatbrocht binne. Un boek met un hooch 'och-heare-hitskes-gehalte.





' Een kuierke door Sneek 1950 - 1980 ' foar Meindert Seffinga fan auteur Sjoerd Vriesema in boekhannel Van der Velde.





Werk sinjeare mut nňch eventsjes wenne: " wat mut ik der in sette je? "