dagboek > overzicht
Dagboek november 2010Bekiek hele maand 
 
14 november om 09:37
 
Gurbe Douwstra again





Cliffs of Moher


't Wie in mearke gelyk, in ferhaal út in film
Hy stoer en lűd, sy leaf en stil
Mar wol o sa fereale, de ien op de oar
En węr't sy ek wienen, inkeld each foar elkoar

'k Nim dy mei, 'k nim dy mei, sa sei hy tsjin har
Nei dat lân fan myn dreamen, ik lit dy gjin kar
En ek dű wurdst betsjoene, foardatst it witst
Astű stiest op de high Cliffs of Moher, yn'e mist

Yn dat lân, dęr't in liet klinkt út elk hűs en kroech
Węrfan't sjongers en dichters ferhelje
Dęr't it libben faak kalm is, de see altyd rűch
Dęrstű thús bist, al komst ek fan fier

Harren takomst wie makke, sy hienen plannen by't soad
Mei him wol ik libje, mei har wurd ik âld
En op Saint Patricksdei hat in alde pastoar
Har troud yn 'e rein, dęr by de high Cliffs of Moher

Yn dat lân, dęr't in liet klinkt út elk hűs en kroech
Węrfan't sjongers en dichters ferhelje
Dęr't it libben faak kalm is, de see altyd rűch
Dęrstű thús bist, al komst ek fan fier

't Wie in dizige dei, hiel ier yn 'e moarn
Doe't hy sei tsjin syn leafste, kom jou my dyn hân
Want der is wier neat moaiers, dű leaust my grif
Astű aanst mei my giest oan de foet fan it klif

Op dat paad, smel en glysterich, mei de see sa tichtby
Fűn syn foet gjin hâldfest, en in weach naam him mei
Yn dat iiskâlde wetter wie 't dat er stoar
Foar it each fan syn faam, dęr by de high Cliffs of Moher


Gurbe Douwstra