dagboek > overzicht
Dagboek júny 2011Bekiek hele maand 
 
9 júny om 21:44
 
Itty Sluis ferstoarn





Krige sakrekt in telefoantsje fan in freon mei it berjocht dat skriuwster Itty Sluis ferstoarn is. Lies it ek op'e site fan Omrop Fryslân. Yn't ferline haw ik kontakt mei Itty hân, in hiel plezierige frou. Skreau ek prima proaza! Haw har wurk besprutsen foar ű. o. it Sneeker Nieuwsblad, út dy tiid komt ek boppesteande foto, dy't Ton Oor doe foar by in resinsje makke hat. Foar mear info oer Itty Sluis en har wurk sjoch op www.tresoar.

Ręst yn frede Itty.