dagboek > overzicht
Dagboek maart 2012Bekiek hele maand 
 
19 maart om 18:34
 
Teater Snits soekt met spoed ouwe kynderwagen!







Wat is telepaty? Terwyl ik bezech bin om ut onderstaand persberichtje op myn site te plaatsten, krij ik fan Matthie Silvius ut fersoek om kenber te maken dat Teater Snits met spoed op soek is naar un ouwe kynderwagen, jaren '50/'60 model!

Nou hierbij fersoek en persbericht inenen! Wie't su'n kynderwagen het kan maile met Matthie:

matthievdlinden@hetnet.nl

Tramwein begearte


Toanielferiening Teater Snits spilet op 28, 29, 30 en 31 maart it stik Tramwein begearte fan Tennessee William yn in oersetting fan Pieter Boersma. It is ien fan de meast oansprekkende stikken út it wrâld repertoire fan Williams. It is it ferhaal oer Blanche dy’t tegearre mei har suster Stella opgroeide yn it rike súden fan de Feriene Steaten. Blanche ferlear stadichoan it betrouwen yn de minsken om mar hinne. Nei in daramatys eindigjend houlik mei har grutte leafde dy’t homofyl blykt te węzen, besiket se har steande te hâlden yn in wrâld fan drank en seks. Folslein beroaid kriget se űnderdak by har suster Stella dy’t űnder har stân, mar hiel lokkich troud is mei de Poal Stanley Kowalski. Yn in krampeftige syktocht nei leafde glidet Blanche stadichoan ôf yn har âlde dreamwrâld fan rykdom, moaie klean en drank…
It stik wurdt regisearre troch Dirk de Vries en de haadrollen wurde spile troch Titia Huisman, Anneke Hondema en Douwe Hoekstra. De útfierings binne yn it Noarderkerkteater oan’e Kerkgracht yn Snits. Oanfang 20.00 oere. Seal iepen om 19.30 oere.