|
|
31 maart om 12:17 |
|
Tramwein begearte: konflikt tusken yllúzje en realiteit
Glansrol foar Titia Huisman!
Ambivalente gefoëlens doe’t ik justerjûn út it Noorderkerk Theater nei hûs rûn. Tsjûge west fan un fantastise foarstelling fan Toanielferiening Snits mei it stik Tramwein begearte, mar tagelikertiid my blau ergere oan freeslik dom públyk. Ik wie al even benaud dat ik de ienige wie dy’t slim argewaasje hie fan it stompsinnich gnizen en reagearje fan guon minsken tidens it spyljen fan it stik, mar dat foel gelokkich ( ? ) ta. It liket der op dat hieltyd mear minsken kultureel analfabeet binne en dat soe net iens sa apart wêze yn in lân dêr’t konstant beknibbele wurdt op kultuuredukaasje. Is it no sa dreech om je de bek te hâlden tidens it spyljen? Net oates en toates dom te laitsjen en alhiel net as dat gjin pas jout? Foar guon lju blykber al, ergerlik!
Des te grutter myn wurdearring foar de akteurs fan Teater Snits dy’t it wrâldferneamde stik fan de Amerikaanse skriuwer Tennessee Williams fantastys fertolkten. Respekt benammen foar Titia Huisman, se stie de hiele jûn op it poadium, en Anneke Hondema dy’t de haadrollen fertolkten. Wat in lappen tekst hawwe beide froulju leare moatten! Mar ek de oare spilers, Douwe Hoekstra, Leo de Ree, Matthie Silvius, Gerard Hamersma, Ramiro Gras en Yede van Dyk dy’t it realistise drama yn âlve sènes oertsjûgjend spilen.
It stik giet oer Blanche du Bois ( Titia Huisman ) en har suster Stella Kowalski ( en man Stanley ! ). Eins is it in kulturele klesh tusken dizze twa ( trije ) min ofte mear symboalise figuren, Blanche dy’t stiet foar it rike libben fan de blanken in de súdlike steaten fan Amearika en Stanley in tipise representant fan de stedske immigrant-arbeider. Foar de bûtenwrâld oer, mar benammen foar harsels, docht Blanche dat it noch altyd geweldich mei har giet. Se komt op besite by har suster en sweager, de Kowalski’s, dy’t nei New Orleans fertokken binne. Blanche fertelt dat de âlde famyljeplantaasje, Belle Reve, ferlern gien is en dat de direkteur fan har skoalle har ferlof jûn hat, omdat se in bytsje oerspand is. Sus Stella toant wol begryp, mar har man Stanley út noch yn net. Stanley is de tsjinPoal ( ! ) fan de gefoelige Blanche. Stella op har beurt, makket harsels wiis dat se fan Stanley hâldt. Yn koarte sênes komt it públyk de wiere reden te witten wêrom’t Blanche op’e flecht is. De spanningen tusken de Kowalski’s en Blanche rinne heech op en berikke oan’e ein in like dramatys as in yn it moed taastjend hichtepunt.
It is fenominaal hoe goed benammen Titia Huisman it karakter fan Blache Dubois delset, sy oertsjûget folslein. Dizze aktrise spilet absolút gjin toanielrol, sy libbet har hielendal yn en soks kinne mar in bytsje amateurspilers. Ek Anneke Hondema hat in fin mear as in bears, in ideale tsjinspylster liket my. De manlike (by-) rollen kinne stik foar stik besjen leie, benammen dy fan Douwe Hoekstra. De rol fan in 'Polak' liket him hast letterlik op it liif skreaun te wêzen. Ek noch krityk? De fersteanberens yn heftige situasy’s lit hjir en dêr te winsken oer. Mar it is detailkrityk. Mei dit stik, mei dizze útfiering lit Toanielferiening Teater Snits ( sjapo ek far regisseur Dirk de Vries ) sjen dat sy toaniel fan heech nivo bringe. No guon minsken út it públyk noch!!
|
|