dagboek > overzicht
Dagboek jannewary 2013Bekiek hele maand 
 
27 jannewary om 11:26
 
At de taal net mear kloppet





Justerjűn in ymponearjend toanielstik fan Teater Snits sjoen: Koartsluting fan Haye van der Heyden yn in Fryske oersetting fan Tryntsje van der Zee. Geweldech werkenber, sa’t de measte stikken fan Van der Heyden ta de ferbylding sprekke. Lykwols it stik mei dan werkenber węze, it falt en stiet mei de akteurs dy’t it spylje, kinne dy ek oertsjűgje. Om mar fuortendaliks mei de sprekwurdelike doar yn hűs te fallen: JA!! Jan Sluyter, Anneke Hondema, Titia Huisman en Mayra Hondema meie dan amateurspilers węze, se hawwe stik foar stik in profesjonele útstrieling op it poadium. Dit fjouwertal heart by de absolte top fan it Frysk amateurtoaniel.

Yn dizze tragy-kommeedzje spilet Sluyter de rol fan de dementearjende Victor net allinne, hij is simpelwei in man mei Alzheimer. De oars oh sa rimpene Sluyter is yn syn rol fan Victor in trage âlder wurdende man, dy’t in útstrieling hat fan ien dy’t yn’e bernskes rekket. Ik kin my bęst yntinke dat der justerjűn genôch minsken wiene dy’t sa út en troch even slokke moasten.

It is ek in űntheisterjend proses wannear’t it ‘ in tizeboel yn’e holle ’ wurd. Charlotte, de frou fan Victor, wurdt al like realistys spile troch Anneke Hondema. Wat moat sij yn’e rol fan Charlotte wat opfrette fan har man. En dat docht persoanlikheid Hondema op in leauwensweardige wize, wat in fysike ekspressy hat dizze frou!





At Victor net allinne de wurden kwyt rekket en syn tinzen him hieltyd fierder yn’e steek litte, is der ek nochris buorfrou Eva. Dizze rol is Titia Huisman op’e hűd skreaun, lekker gek mar yn węzen yn- en de yntryst, omdat ek sij ferlies drage moat. Hoe’t der praten wurdt oer har ferstoarne man, sa realistys en ek hjir sa werkenber!
It rouproses is wreed ta op’e bonken. De mimyk fan Huisman, ek at se neat hoeft te sizzen, is fan heech nivo!





De jongste fan ut kwartet spilers, Mayra Hondema, spilet de rol fan Julia, de dochter fan Victor en Charlotte. At we it oer talenten hawwe, dan mei dizze Hondema sa neamd wurde. In spring yn’t fjild mei in stem as in klok!





Wat moat it in weelde foar de spilers węze om op sa’n moai grut toaniel spylje te kinnen, mei alle technise mooglikheden. Allinne it ljocht al! En it lűd fan de fluitsjende fűgels yn’e maytyd, Victor mei der dan gek fan wurde, it is wol hiel moai. Krekt as in wűnderskoane dekor, mei al dy toarre blęden en it tryste klimmerblęd oer de skutting! Trouwens wol sjoen hoe moai de akteurs opmakke wiene?!

De hân fan regisseur Dirk de Vries is oeral te sjen en te hearen, net yn it lęste plak fan de múzykkar. De mankelike rauwe stim fan Tom Waits skuort de taskôgers dwers troch alles hinne en past hielendal by it stik. Dat set fuortendaliks al útein mei it lyrise November, it nűmer pakte my by de strot! Sa’t it hiele stik my oangrypt hat. It liket dat it stik in happy ein kriget at it beslút nommen wurdt dat Victor en Charlotte nei in appartemint ( oan de Houke Poart notabene ! )ferhúzje sille, mar it is skyn!

Gastfrij

Wat kear op kear wer opfalt yn Teater Sneek is de gastfrijheid fan alle frijwilligers dy't der wurkje.

Opfallend dat der nei ôfrin fan dizze foarstelling safolle minsken hingjen bleaunen. ' Dűnsjen nei ' wurket blykber yn 2013 ek noch altyd!