|
|
28 september om 11:48 |
|
Bysondere Bram Vermeulen Avend bij Galery Bax
Sommege gebeurtenissen en momenten mutte je koestere en beware. Gisteravend was der su’n moment. Nadat we met un moaie ploech minsen hearlek eten hadden bij Peter & Redmer Bax, liet één fan de twee dochters fan Bram Vermeulen, Tamara, oans ut nummer ' Ik heb een steen verlegd ' hore.
Ut nummer songen deur Tamara’s sus Katarina, ging mij dwars deur merch en been. Su moai, su warm en met un groat gefoël foar liefde songen in Café Corsari. Ut was su as dochter Tamara gister sei ‘ het is alsof ik naast mijn vader zit ’. De tentoanstelling over ut werk fan Bram Vermeulen het de aflopen weken un heel soad fňlk naar Galery Bax trokken.
Overal út ut (búten-) laan kwamen minsen om ut werk te bewonderen. Gisteravend waren dochter Tamara en de broer fan Bram, Kees Vermeulen de gasten tidens un afslútend diner anwezech. Moai om de persoanleke ferhalen over Bram te horen. Un únike persoanlekheid, nyt allienech foar syn family, mar ok foar frynden. Peter Bax nam un bysonder plak in bij ut multytalent Vermeulen.
Un paar weken leden had ik un interview met Peter over syn fryndskap met Bram Vermeulen. Ik deed dat interview foar de Moanne. Ik públisear dat Frystalege ferhaal hier nou ok.
Earbetoan oan ’e skilder Bram Vermeulen
“ Ik wie befreone mei Bram op basis fan de keunst. Ik orginisearre twa kear in solo-eksposisy foar him en ik die Bram noch twa kear mei oan in groepstetoanstelling. Dat wie myn freonskip mei Bram. Ien fan syn dochters hat mij ris ferteld dat Bram mar ien freon yn syn libben hân hat. Dat wie syn eardere buorman! ”
Galeryhâlder Peter Bax út Snits relativearret syn freonskip mei Bram Vermeulen ( 1946 – 2004 ), de sanger, komponist, skilder, skriuwer, dekoraasje űntwerper en TV-programmamakker. Trettjin jier foarme Vermeulen in legendarys kabaretduo mei Freek de Jonge as Neerlands Hoop in Bange Dagen.
Doe’t Peter Bax 50 jier wurde, wie Bram Vermeulen ien fan de gasten fan de Abraham. Hy song doe sels yn it Frysk in oersetting fan in fers dat hy oait skreaun hie: Lyts ferske//lyts ferske//lyts ferske// lyts ferske foar jim//Lyts ferske//lyts ferske//omdat ik fan jim hâld Fan 16 augustus oant en mei 27 septimber 2014 is der in bysűndere eksposisy yn Galery Bax, węrby’t in hommaazje oan Bram Vermeulen brocht wurdt. Tsien jier nei Vermeulen syn hommels ferstjerren op 4 septimber 2004 yn it Italiaanse San Dalmazio wol Peter Bax yn gearwurking mei de Erven Bram Vermeulen in troch crowdfunding en sponsoring boek oer Bram de Schilder útjaan.
“ Yn novimber 2000 iepene Bram by ús in eksposisy yn’e galery. Hy die dat op in hiele autentike Bram Vermeulen wize. In prachtich gedicht oer de keunst. Nei syn iepening sei ik tsjin Bram dat ik űnder de yndruk wie en dat dizze taspraak bysűnder wie. Beskiedn at er wie sei Bram dat hij it fers wol wer ris brűke koe foar in publikaasje. Ik hoegde myn hielendal net beswierre te fielen. Doe doarde ik ek te sizzen dat dy publikaasje dan mar in boek wurde moatst mei Bram syn skildere wurken. Ad rem as altyd witst Bram meiien de titel al: Bram de Schilder! ”
Peter Bax praat mei passy oer Bram Vermeulen en syn wurk, hij hellet de orizjinele fers fan de iepeningstaspraak der by en lęst it foar. Eksklúsyf foar De Moanne mei in strofe út it liet hjir publisearre wurde:
De angst van de oorspronkelijkheid als bedreiging van zijn zijn. Niemand heeft er om gevraagd. Het is de eigen zin van het bestaan, die hem of haar daar lijdt. En daarom onafwendbaar. Het is de noodzaak van het zijn waardoor het tot verbeelding raakte, wat het tot zichtbare waarheid maakte.
Wie is deze vinder van gevaar?
Dat is de kunstenaar. De nederige, angstige. De tastende, voelende. De vindende, verliezende. De uitgaande, ingaande. De lachende, huilende, De bewerende, bezwerende. De vol en vol ledige. De eenzame, enige, De altijd aanwezige, De eeuwige kunstenaar.
It fers sil de basis wurde foar it skreaune part fan it boek dat dit jier noch ferskine moat, in boek yn oblong formaat fan 24 bij 30 sentimeter. “ Bram de Schilder It set útein mei it wurk fan de striptekenaar węr’t hy oait mei begűn. Prachtich om te sjen dat de stripfiguren fan Bram Vermeulen eksakt gelyk binne oan wat hij letter skildere.
Elk en ien dy’t de sketsboeken fan Bram Vermeulen yn hânnen krijt of besjocht wit dat it bysűnder is. Dat fiele je simpelwei. Net dat it skildertechnys no allegear sublym is, mar stadichoan seagen je wol dat der groei yn syn wurk siet. Oeral komst de humor tsjin, de tragyk fan it libben, is it net mei in trien dan wol mei de golle laits. It rekket! ”
Mei it boek wol Peter Bax sjen litte hoe’t de skilder Bram Vermeulen dwaande wie mei syn wurk. De galeryhâlder lit sjen dat Bram Vermeulen yn de earste jierren dat hy skildere altyd yn syn wurk oanwęzich wie. It earste skilderij dat Bram Vermeulen makke komt út 1989. Yn dat jier begűn multy-talint Vermeulen mei it skilderjen omdat hy gjinien fine koe oan wa’t hy útlizze koe hoe’t it affysje foar syn programma Dans met mij der út sjen moatst.
“Sa stadichoan űntwikkele Bram twa rjochtingen by it skilderjen. De siz mar mear spirituele rjochting, węr’t hy dus hast altyd sels op foarkont. En de polonęze rjochting. De mienskip as in op it earste each fleurich dűnsjende groep minsken mei in masker op. Minsken dy’t achter mekoar net wite węr’t se nei ta sille, mar dy’t folhâlde dat it feest is. Ellinde yn fleurige ferpakking. It toanbyld fan ekspressionisme. Skilderijen oer it Boerenleven en de Honden binne mylder, hjiryn spylje bist en minske in wichtige rol.”, fertelt Peter Bax at we by de skilderijen del rinne.
Bram Vermeulen sinjearde syn skilderijen noait. Op fersyk fan Peter Bax die er dat letter wol, mar noch net opfallend. It leafst mei allinne mar de inisjalen BV. Op dit stuit binne Tamara en Katarina, de dochters fan Bram Vermeulen, drok dwaande mei it trochlęzen fan de deiboeken fan harren heit. Parten út dy deiboeken sille ek in beskieden plakje fine yn it te ferskinen boek oer De Schilder Bram Vermeulen.
Foarearst is Peter Bax fan doel om 1000 eksimplaren fan it boek printsje te litten. |
|