dagboek > overzicht
Dagboek ňktober 2014Bekiek hele maand 
 
15 ňktober om 17:59
 
Nij boek Hylke Speerstra oer Indiëgongers





Op tongersdei 30 oktober 2014 wurdt it nije boek fan Hylke Speerstra presintearre: ‘ Op klompen troch de dessa ’-Indiëgongers fertelle. Plak fan presintaasje is Trinitas oan de Coehoorn van Scheltingastraat 1 op It Hearrenfean.
De ynrin is 15.30 oere en de oanfang is om 16.00 oere.

Speerstra hat der mear as in jier oan wurke. Dit kear hat de skriuwer in hiel oar űnderwerp by de kop pakt. It giet oer de libbensferhalen fan jongkeardels út Fryslân, koart nei de twadde wrâldoarloch:

Gewoane jonges wiene it. Se rűnen op klompen nei skoalle en moasten dęrnei oan ‘t wurk. Doe’t it frede waard, wienen se jongfeint, krigen alris in bytsje ferkearing. En no moasten se foar keningin en faderlân nei Indië. Want Indië wie dochs fan ús?

‘ Wy batsten sa te sizzen op klompen troch de dessa. Mei de wiisfinger om de hoanne fan it gewear, want wy moasten earst węze om te oerlibjen. ’ De bleue jonges fan it Fryske plattelân bedarren yn in tropysk jongesboek. Mar hjir gie it op libben en dea.

De jonges fan doe binne mannen fan fier boppe de tachtich wurden. Lang ha se swijd mar no wolle se it wol kwyt. Harren wierheid is hurd, somtiden ferbjusterjend en oangripend. ‘ Wy waarden de guerilla en eksekúsjes yn sleept.‘