dagboek > overzicht
Dagboek ňktober 2014Bekiek hele maand 
 
30 ňktober om 11:39
 
Boeken en bern - Kinderliteratuur in soorten






Dit boek jout in byld fan wat de beide begripen Boeken en bern mei elkoar te krijen hawwe. It begűn mei foarlęzen en it rűn út op stúdzje, skriuwen en oersetten. Stúdzje en űndersyk leveren sadwaande artikels en boeken op. In tal fan de artikels dy’t de ôfrűne tritich jier yn tydskriften ferskynden, hawwe yn dit boek in plak fűn. Sa jout dit gehiel in byld fan wat der yn dat tiidrek allegear te ręden wie yn berneboekelân, it Fryske sawol as it Nederlânske. Dęrby waard ek oer de grinzen sjoen.

Jant van der Weg (1939) wurke oan de Fryske Akademy en skreau oer berneliteratuer yn it Friesch Dagblad. Dęrneist sette se berneboeken oer en skreau se ferskate artikels en boeken. Fan hantsjeklap en sűkerbak stie op de Honourlist fan IBBY (International Board on Books for Young People). Yn 2000 promovearre se mei in proefskrift oer Fryske bernepoëzij. Foar har ynset op it męd fan berneliteratuer krige se yn 2007 de Hiëronymus van Alphen Prijs en waard se yn 2014 útroppen ta earelid fan IBBY.

Boeken en bern / Kinderliteratuur in soorten | Jant van der Weg | ISBN 978 94 9205 202 5 |
hardcover | priis: € 25,00 | ferskynt 31 oktober 2014
Verkrijgbaar via Centraal Boekhuis