|
|
9 maart om 17:32 |
|
Myn droom foar Fryslaan!
De twee J's fan Omrop Fryslân: Jorrit & Jitse!
An ut onderstaand programma hew ik fanmňrren metwerkt. Sal binnenkňrt wel útsonden wurde! Wat myn droom foar Fryslaan is? Hou de site mar in de gaten!
Wat is jo dream foar Fryslân is? Dy fraach leit Omrop Fryslân foar oan de ynwenners fan de provinsje yn de oanrin nei de Steateferkiezings en de Wetterskipsferkiezings. Fan 11 febrewaris ôf reizgje de ‘dreamefangers’ fan Omrop Fryslân yn harren ‘ dreamauto ’ troch Fryslân om safolle mooglik dreamen te fangen.
Sűnder dreamen is der gjin takomst. Dęrom wurde de winsken fan Friezen sammele en nei de ferkiezings oanbean oan de politisy. Ien fan de dreamen soe samar de takomst fan de provinsje mei bepale kinne. Mei it tema ‘Dreamen foar Fryslân’ wurde űnbekende- en bekende Friezen oproppen om harren ideaalbylden fan Fryslân te dielen.
By de Wetterskipsferkiezings komme de dreamen ek werom. Underweis troch de provinsje wurde op snein 15 maart ek de (wetter)dreamen fan Friezen garre. Dy snein stiet Omrop Fryslân de hiele dei stil by de Wetterskipsferkiezings. De mobile studio ferhuzet nei de seedyk by it Woudagemaal op ‘e Lemmer foar de spesjale útstjoering: ‘In dei op it wetter’.
Omrop Fryslân wurket gear mei de Ljouwerter Krante űnder de namme ‘Fryslân Kiest’. Sa wurdt der op 17 maart in listlűkersdebat organisearre. Yn in live-útstjoering út it provinsjehűs wei gean de partijen mei-inoar yn debat oer de wichtige tema’s by dizze ferkiezings. En alle wurkdagen fan 2 oant en mei 16 maart stiet in listlűker sintraal. Moarns mei in portret yn de krante, jűns op ‘e radio yn in petear fan in oere mei René Koster.
Op de ferkiezingsdei sels steane de ferkiezings de hiele dei sintraal by Omrop Fryslân. Mei de opkomstsifers, de stimming by de stimburo’s en jűns in ferkiezingsútstjoering mei de lęste útslaggen. Op 19 maart is der op ‘e radio wiidweidich omtinken foar de ferkiezingsútslaggen. Jűns sjocht Omrop Fryslân yn in ekstra útstjoering werom op de ferkiezings mei de winners en de ferliezers.
Alles oer de ferkiezings en de Dreamen foar Fryslân is te finen fia de spesjale side:www.omropfryslan.nl/ferkiezings. Fansels binne dęr nei de ferkiezings ek de útslaggen te besjen.
|
|