dagboek > overzicht
Dagboek september 2015Bekiek hele maand 
 
2 september om 08:54
  Eelke Lok





"Eelke Lok is één fan de meast infloedrike sjoernalisten in Fryslaan!" Sêge SE. Of ut ok werklek su is, laat ik mar even in ut midden. Feit is wel dat Eelke Lok gisteravend afskeid nam fan Omrop Fryslân: ”Wegens het bereiken fan de pensioen gerechtigde leeftijd”.

Op ’e kòp af 40 jaar het Eelke foar de Omrop werkt. En dwarsbongel pur sang Eelke Lok nam op syn eigen manier afskeid. Hij presentearde in Hotel Galamadammen tussen Koudum en Balk an de Morra syn laaste tv-programma over wat der in de 40 jaar allemaal mis ging. Deur syn skuld. Ut was de bedoëling dat de gasten fan Eelke bij hem op ut terras plak nimme súden, mar ut wear werkte nou nyt bepaald met.

Dat ut hele sirkus was binnen, gasten an tafel , Sicko Heldoorn, Hylke Speerstra, Jannewietske de Vries, Steven Sterk en Henk Kroes en ut geselektearde públyk in de saal, want su mochten de anwezegen sich fan Eelke noeme. Opfallend dat der mar un bitsje (eks-) kollega’s waren. Eelke had ut blykber earder as ik begrepen dat kollega’s mar kollega’s binne, niks mear en niks minder. Kollega’s binne nyt automatys frynden. Frynden soeke je self út. En Eelke had syn frynden gisteravend om um heen. Fan Rients Gratama tòt Mart Smeets, fan de gebroeders Anker tòt Rein Jonker.





Na de opname fan ut allerlaatste TV-programma speulden Weima & Van der Werf, en dat is altyd tòp! Dy speulden sudat der nyt gelegenheid was foar toespraken, nou de direkteur fan de Omrop mocht Eelke nòch un groat bos bloemen geve. Eelke houdt nyt fan toespraken, om over ‘ stukjes ’ mar te swijgen: by stikjes rin ik fuort! Eelke wú ok gyn kadoatsjes, nee gewoan wat sitte, prate, wat weromsiën, drinke, hapkes en lústere naar múzyk út de jaren dat hij begonnen was as sjoernalist.

Kan nyt anders sêge dat ik un prachtege avend had hew!
Tòch kreech Eelke gisteravend nòch un bysonder kadoatsje: ‘It each fan Eelke’, un bundel met dêrin syn bêste kollums, dy’t hij overigens na pensioenering ok nòch skriëven bliëft. Hearleke dwarsbongelege stukjes.

Teminsten dat fyn ik.





Eelke sprak fanmòrren un kollum út wêrin’t hij teruchsiët op 40 jaar RONO en later Omrop Fryslân. In dy kollum wurdt ok dúdelek wêrom’t Eelke nou afskeid nimt: hij laat sich nyt sture deur managers en un minister dy’t fine dat der un Stichting RPO ( Regionale Publieke Omroep ) komme mut. Ut betekent ut einde fan de selfstandechheid fan de Omrop. En dat wil Eelke nyt. Ik bin ut folkomen met Lok eens.

Miskyn mocht ik dêrom gisteravend wel ete en drinke op kosten fan de Omrop!





UPDATE de kollum fan Eelke


Pensjoen

Justerjûn ha ik ôfskied naam fan Omrop Fryslân. Fanwege sa’t dat offisjeel hjit “het bereiken van de pensioengerechtigde leeftijd”. Mar lokkich ha we ôfpraat dat de kollumkes ynearsten noch net oan pensjoen ta binne. Normaal rjochtstreeks, no efkes opnaam, want it waard fansels let justerjûn. We moasten stilstean by de fjirtich jier dat ik hjir yn tsjinst west ha, fan earst de RONO, letter Radio Fryslân en no Omrop Fryslân. En yn 40 jier kin der in soad barre.

No hie dat om my ek net hoecht hear. Ik fyn it ûnsin om dingen te roppen. Of roppe te litten: "Do hast fjirtich jier de befolking fan Fryskân tsjinne". Of: "Do wiest in úthingboerd foar ús." Unsin. Ik wie yn tsjinst fan in bedriuw dat my tagelyk moai de gelegenheid joech ien fan de moaiste beroppen yn de wrâld út te oefenjen. En omdat dat sa wie, koe ’k wol fjirtich jier fierder. En ik hie ’t om it wurk noch wol in pear jier dwaan wollen, mar de oerheden stjoere ús aanst wer werom yn it RONO harnas sa liket it, no ja dat hie ’k alris meimakke en it ienige wat we doe woenen, wie sa gau mooglik selsstannich wurde en doe’t we dat wienen ha we in ekstra borrel naam, we wiene goudgelokkich. Dat gefoel wol je net mear kwyt.

At ik noch trochwurke hie hie ’k ek ûnwis west oer de sjoernalistike opstelling. Dy fan tsjintwurdich is sa oars as at wy opfieden en oplieden binne. En ik wol my bêst oanpasse as de nije tiid nije dingen freget. Mar oanpasse betsjut net mei opsetsin saken ferkeard of net goed behannelje. Dat ferdom ik. Nee, ik hâld net fan dy eigenwize minsken dy’t sizze: "Ik fyn dat kwaliteit foarop stean moat." Mar de oare kant fan it ferhaal is dat myn kollega’s der no op útstjoerd wurde mei in kamera, ynterviewe mei twa mikrofoans en tagelyk lûd en byld regelje, it dan yn de studio sels ynelkoar sette, en eins moat alles earst op kompjûter, i pad, apps en twitter smiten wurde, leafst foardat dingen bard binne. Inkeld mar om't steatssekretaris Dekker soks de útfining fan de ieu fynt. Dan sis ik dat myn kollega's dus net de resultaten helje as at wol kinne soe. En dêrfan bin jim as harkers dan wer it slachtoffer.

Mar dêr wol ik my no net drok mear oer meitsje. Ik fersink efkes yn in geweldige herinnering oan 40 jier. Oan jim dus. Want jim wiene sa tefreden doe’t we yn de sniewinter fan 1979 der foar soargje koene dat de âlderen in pûdsje oan de doarkruk hongen at se graach woene dat immen foar har boadskipje koe.
Dy frou yn it sikenhûs yn It Hearrenfean dy’t fia har bern witte liet: "Hearlik sa’t jim my op de hichte hâlden ha fan hoe’t Hearenfean justerjûn fuotballe."
Of de mem fan reedrider Ids Postma dy’t ik tref midden yn in hiel drok Holland House by de Olympyske WInterspelen yn it foar ús fiere Japan: "O wat bin ik bliid dat dy sjoch. Kin ik teminsten efkes wer Frysk prate."

Of de âlden fan de ferstoarne jonge reedrider Willem Poelstra, doe’t we op syn begraffenis wiene, o wat hâlde Willem fan jim.
Of Hayo Apotheker dy’t opstapte as minister en nimmen te wurd stie, mar de jûns gewoan yn it politike programma It Wapen fan Fryslân kaam.
Of Cees Roozemond, waarnimmend boargemaster fan Smellingerlân, dy’t eins út name fan al dy nije ynkommelingen sei: "Jonge, ik ha it Frysk by en fan jim leard."
It entûsjasme wêrmei jim altyd harken en seagen, mar ek meidienen oan ús programma’s, jim opbouwende krityk, jim meilibjen. It wie in genot om dêrmei te wurkjen.

Of der is in man yn de katakomben fan SC Hearrenfean dy’t seit: "Ik bin it net altyd mei dy iens, mar ik mei der graach nei hearre." Hy hat it dan oer de kollums.
Sjoch, en dan stap ik in supermerk yn en komt der in folslein ûnbekend âld froutsje op my ta skeuveljen en dy seit ynienen: "Ik bin it hielendal mei jo iens. Pak se mar oan. Trochgean."

Ja frou. Ik bin der sneon gewoan wer."