|
|
28 september om 17:54 |
|
Spreken is zilver, mar is Swijen wol goud?
Juster, snein 27 septimber organisearre de Gerben Rypma Stifting fan Blauhűs in Oerke-Kultuer yn kafee de Freonskip, mei as tema ‘Spreken is zilver, mar is Swijen wol goud?’ Skriuwster Gryt Witbraad fan Aldegea fertelde en lies foar út har nijste boek ‘Swije’, in libbensferhaal fan in jong famke. Grytsje Kingma sjong en spile inkele tapaslike lieten.
It Oerke-Kultuer waard organisearre as ôfsluting fan de simmer – tentoanstelling ‘It Swijen trochbrutsen’ yn kafee de Freonskip. Hjir wurdt, oant en mei woansedei 30 septimber, yn byld en wurd ferteld oer it swijen troch of oer trije persoanen dy’t yn de oarloch yn Blauhűs en omkriten libben.
|
|