dagboek > overzicht
Dagboek ňktober 2015Bekiek hele maand 
 
19 ňktober om 17:13
 
Kulturele Kuiertocht Gerben Rypma Stifting: Fan de Hel nei de Wolvetinte





Sneon 24 oktober organisearje wy ús tradisjonele jierlikse Kulturele Kuiertocht. Jimme binne wer fan herte wolkom. It tema fan de tocht is Fan de Hel nei de Wolvetinte. We begjinne en einigje yn Doarpshűs It Swaeigat yn It Heidenskip. De tocht fan om-ende-by 8 kilometer giet oer paden én troch gerslân. De route giet nei de râne fan de Fluessen, hjir is yn 2013 natuergebiet De Wolvetinte oanlein. We rinne hielendal om it natuergebiet hinne.

Fouke de Vries fertelt hjir oer de fűgels en oare bisten dy’t der foarkomme en oer de biodiversiteit yn dit gebied. It pypskoft mei kofje is yn it grutbűthűs fan de fraaie stjelp fan Ale en Janke Kampen. Hjir treedt sjongeres Jitske Draijer op mei Fanfare Studio.

Ien fan de lieten is ‘It Heidenskip’, in op muzyk setten gedicht fan Gerben Rypma en noch bekend fan ‘Achter santjin hikken’. Dan giet de tocht de greiden wer op nei It Swaeigat foar – wat wy neame – noflik Romsitten.

Goed fuotark meinimme, It bestjoer