|
|
4 jannewary om 12:51 |
|
Poëzy-jűn yn Kafé Vellinga
SNITS - Yn it ramt fan de Nationale Poëzieweek organisearret it Frysk literęr tydskrift Ensafh op 29 jannewaris in grutte gedichtejűn yn Kafé Vellinga. It is al wer foar de fyfde kear dat dizze jűn yn Snits organisearre wurdt. Elkenien kin oan de jűn meidwaan! Der binne trije mooglikheden:
- Dichters kinne twa of trije gedichten foarlęze . - Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlęze. - Gewoan komme te harkjen. Dichters en foarlęzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannűmer telâne. Alle dichters en foarlęzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen. De dichters en foarlęzers krije allegear in no noch geheim presintsje, en, omdat foarlęzen toarstich makket, ien konsumpsje fergees.
De muzyk wurdt fersoarge troch Jankobus Seunnenga. Węr? Café Vellinga, Korte Veemarktstraat 11 8601 EV Snits Wannear? Op 29-01-2016 Hoe let? Tusken 20:00 en 23:00 oere Yntree fergees |
|