|
|
20 jannewary om 12:18 |
|
Josse de Haan ( 75 ) fiert jierdei mei nij boek!
Hjoed fiert ferneamd Frysk auteur Josse de Haan út Baskelân syn 75ste jierdei. De winner fan de Gysbert Japikspriis ( 2007 ) hat himsels en de lęzers in hiel aardich kado jűn. In dei foar syn jierdei kaam der in nij boek fan him út: 'Reedride op ględ iis'
De nije útjefte ferskynt mei stipe fan ‘Het Nederlandse Letterenfonds’ by de Ljouwerter útjouwer Elikser fan Jitske Kingma en beslacht mar leafst 380 siden. It begjint mei in gedicht fan Octavio Paz en in oersetting fan De Haan, it eindiget mei in gedicht fan de auteur sels foar syn pakesister Dagmar doe't se yn augustus 14 jier waard.
Dęrtusken ferheljend proaza, kritysk proaza, anarkys, poëzij, kollaazjes, polemyk, resinsjes en skôgings. Foto's fleurje it boek op - ű.o. fan âld-Peins.
De omslachfoto is fan Bas den Oudsten, nommen begjin fyftiger jierren op de krusing Peins-Sweins op de Ryksstrjitwei Ljouwert-Harns. Syn soan Peter den Oudsten, no boargemaster fan Grins, hat tastimming jűn foar it brűken fan de foto. De foto lit sjen węr’t de jonge Josse de Haan yn de berm leine as jonges fan 9 en 10 om autonűmers op te skriuwen, yn april, as de bűtenlanners nei de bollefjilden reesden.
De P jout oan dat je dit boek priuwe moatte. Meikoarten mear oer dizze nije fan Josse de Haan |
|