|
|
31 jannewary om 12:47 |
|
Bitsje komoasy op Gedichtejűn Ensafh
Op'e foargroan dichter Piter Yedema, met achter hem nyt goëd sichtbaar Pier Boorsma: "Waardeloas..."
In ut ferleden gebeurde ut regelmatech dat der tidens poëzy-avenden komoasy ontstond omdat sommige dichters min met mekaar konden ňf omdat se ut fallikant oneens waren met wat der seid wurdde. Kommentaren tidens ut foarlezen waren dan faak nyt fan’e lucht. Ut hoarde der wel un bitsje bij, gaf un bepaalde spanning en wriëving, dat alles onder ut adagium, ‘komoasy is ok promoasy ’. Ik mocht ( mach ) der wel over.
Frijdachavend trad dichter Gerrit de Vries foar ut earst op in Sneek en hij deed dat met ut fňlgende fers:
Oanslach
we moatte ús sels ferdigenje we moatte ús stjitten werom feroverje en stride tsjin de duvel dy’t Mohammed hjit
troch de stúd is in optocht fan manhaftige helden feteranen fan it frije wurd
feteranen fan it frije wurd uterje frijbliuwend harren demokratyske miening
op strjitten yn parken en op pleinen rinne de potleadfenters hâlde grutsk it potlead stiif omheech
as it noch net waait en net reint komme se foar ’t ljocht slaan de blauwe reinjas iepen as yn in dream hjitte hja allegearre Charlie
we moatte ús sels ferdigenje we moatte ús stjitten, parken, pleinen werom feroverje en stride tsjin de duvel dy’t Mohammed hjit
kom lit ús in belesting begjinne op holdoekjes we neame it kopfoddetaks en stjoere elkenien in oanslach
Toen Gerrit de Vries ut fers foarlas reagearden Pier Boorsma futdaleks met ut lúdop WAARDELOAS! Hij kreech steun fan syn maat Piter Yedema. Gerrit de Vries bleef frije kalm onder ut kommentaar en antwoardde alliennech met ‘ dat is jim miening’. Un andere anwezege riep nňch ‘da’s demokrasy!’
Ferfňlgens las Gerreit de Vries syn tweede fers foar. Op ut moment dat der dus un bitsje komoasy ontstond had ik trouwens ok ut idee dat ut fers fan de dichter wat PVV-trekjes had. Ut kwam nyt echt over as un synise bijdrage.
En de fňlgende dichter, Anske Smit, blykber ok nyt. Hij priemde met syn finger richting De Vries en spraak over de Liefde. Na afloop hew ik Gerrit de Vries syn bijdrage fraagd om ut thús nňch us rustech na te lezen. Hij trilde toen behoarlek sach ik wel.
Ik had na ut lezen fan ut fers ( het tňch un andere lading as lústere ) nňch myn twifels en skreef dat ok in myn ferslach ( siën ut blog fan gister ).
Hierop reagearde Gerrit de Vries met de fňlgende mail en ik hew hem toestemming fraagd om dizze mail te públisearen. Gerrit fon dat prima. Hierbij dus:
“ Achte hear van der Veer / Beste Henk,
Ik hie my grif foarnaam, om gjin útlis te jaan by myn earste bydrage oan de gedichtejűn yn Snits, juster. Krekt lies ik jo blog – en no wol ik it dochs wat neier taljochtsje.
Earst en foaral:
Ik bin gjin PVV-fan. Myn bern binne heal Turks (se neame harrensels “Friturken”, en myn dochter is neffens har klassegenoaten in “Chrislim”) Myn eks is 100% Turks. Se is troch de manier węrop as PVV-ers en hun sympatisanten “frijheid fan mieningsutering” ynterpretearje en it kontinue bombardemint fan autochtoane krityk út it lân wei narre.
Se koe it net langer ferneare en fljocht takom wike definityf werom nei har heitelân (wer’t ik sels nea ien wanklank heard ha oer myn ôfkomst, sels net fan myn eks-sweager dy’t dochs aardich de
Konservatyve kant van de Islam it neist is – ik bin altyd oeral yn Turkije wolkom west)
Jo observaasje, dat it fers wolris synysk bedoeld węze koe kloppet dus wol. It muoit my, dat jo dęr nei nochris werom lęzen noch oan twivelje, dan wie it gjin goed fers en net helder genôch.
De earste- en lęste twa strofen lykje sa op it earste each poere PVV propaganda – myn soan (sa as jo miskien begripe likemin in PVV-fan) kaam dęr op in dei mei thús en droech it sa foar – sa stekke hjir yn Schiedam Turkse jonkjes űnder inoar de draak mei Geert. Allinne de lęste rigel haw ik der sels by skreaun.
Nei de earste oanslach ferline jier Jannewaris yn Parys woe ik der wat mei dwaan, wis nei it sjen fan de demonstraasjes dy’t tsjinnen as stipe betsjűging foar Charlie Hebdo. Dy wiene bedoeld om it frije wurd te ferdigenjen.
Mei de earste en lęste 2 strofen ha ik werjaan wollen, Hokfoar frij wurd der yn sommige gefallen stipe waard. Ik haw mei it fers ek freegje wollen, wa as no ferantwurdlik holden wurde kin foar de oanslach. (dat wie it idee efter de lęste rigel)
Ik woe ek werjaan, dat der no 2 ekstremen tsjinoer inoar stean – ekstreem rjochts en ekstreem Moslim – en de grutte massa stiet der tuskenyn en komt net fierder as in stille mars mei skriuwark.
Ik haw lang twivele of ’t ik it juster foardrage soe. Mar haw it dochs dien.Ik ha bewust oantrúnje wollen, dat ús fryske skriuwers no einliks ris hun miening sjen litte wer’t it it frjemdlinge fraachstik oanbelanget en juster siet der in aardich tal op in klútsje byinoar.
Jo kinne as skriuwer passyf mei in potlead yn ‘e hân nei de loft wize (miskien komt de ręding yndied wol út é himel) en in eintsje kuierje. Of jo kinne it potlead dan mar ris op papier sette en jo posysje dúdlik meitsje. (faaks folle helderder, dúdliker en better as de goedwollende amateur G. de Vries dat kin)
As literator en ek as poëet hawwe jo in taak, fyn ik, om it goede foarbyld te jaan en foar te gean yn it debat.
Ik mis de ynfolling fan dy taak soms tige, it giet my faaks tefolle oer Fryske lân en libben fan 80 jier lyn Derom sit yn it fers ek in bedutsen ferwizing nei “dream yn blauwe reinjas” – as oprop nei fryske skriuwers –
En in ferwizing nei “ik bin noch op in plak dęr ’t it net waait” út ensafh – ik sels bin nammentlik op in plak, dęr’t it al hiel lang en hiel hurd waait. Mar as jo jinsels út de wyn hâlde fernimme jo dat faaks net.
Dernjonken in oare reden om it dochs foar te dragen: ik hold foarhinne al fan fikje stoken.
Ik hoopje, dat it mei it ferhaal hjirboppe wat dúdliker wurden is wat ik sizze woe.
Mei freonlike groetnis,
Gerrit de Vries"
|
|